Petrus van Oeckelen

Petrus van Oeckelen (Breda, 15 augustus 1792 - Glimmen, 13 augustus 1878), wie in Nederlânske oargelbouwer.

Om 1808 hinne waard er beneamd as stedsbeierdier fan Breda. Yn 1810 ferhuze er nei Grins dêr't er beneaamd wie as beiardier fan de Martinitoer. Yn 1837 festige er him as oargelbouwer yn Harendermolen, ûnder Glimmen. Dat jier naam er it bedriuw fan de ferstoarne oargelbouwer Johannes Wilhelmus Timpe oer.

Letter giene twa fan syn soannen, Cornelis Aldegundis en Antonius, mei it bedriuw fan har heit fierder.

Oargels fan Van Oeckelen

bewurkje seksje
 
Oargel fan Petrus van Oeckelen yn de Terptsjerke yn Akkrum

De katolike Petrus van Oeckelen en syn soannen makken ferskate oargels foar tsjerken yn noard-Nederlân. Mei de firma van Dam út Ljouwert behearden sy yn de 19e iuw, by de meast produktive oargelbouwers yn it noarden fan it lân. Petrus van Oeckelen syn bedriuw hat ûnder oaren foar de neifolgjende tsjerken oargels boud:

Fierders waarden al besteande oargels troch him mferboud as oerbrocht nei oare tsjerken. Nei syn dea hawwe syn soannen noch it tal tsjerkoargels makke foar tsjerken yn Noard-Nederlân, mar ek op oare palkken yn it lân.

  • Holthuis, J., Petrus van Oeckelen: orgelmaker te Harenermolen bij Groningen, uitg. Stichting Groningen Orgelland, Grins, 1985
  • Gunnink, Lex, Repertorium van de orgels gebouwd door Petrus van Oeckelen, orgelmaker te Harendermolen (Groningen), útj. Gunnink, Swol, 1990 (doktoraalskripsje muzykwitteskip)
  • Jongepier, Jan (et al.), Het orgel in de kerk van Tolbert - Andere activiteiten van de orgelmakers Van Oeckelen in het Zuidelijk Westerkwartier, uitg. Stichting tot behoud van het Nederlandse Orgel, Elburg, 2001

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stichting Dodenakkers: Noordlaren - Hervormde begraafplaats