Marijetsjerke (Oentsjerk)
De Marijetsjerke is in tsjerke yn Oentsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel yn Fryslân. De tsjerke wurdt brûkt troch de Protestantske gemeente Trynwâlden.
Marijetsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | Oentsjerk | |
adres | Wynzerdyk 9 | |
koördinaten | 53° 15' N 5° 53' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 35658 | |
Webside | ||
Side PKN-Trynwâlden | ||
Kaart | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke wie oarspronklik wijd oan Marije, de mem fan Jezus. It skip út de 13e iuw waard boud om in 12e iuwske romaanske foargonger te ferfangen. Yn de 14e iuw waard der in toer oan fêstboud dy't yn 1656 opklampe waard en in sealdak krige. De liedklok is fan 1493. De tsjerke hie twa transeptearms, mar dy binne letter wer ôfbrutsen. De fiifkante koarsluting is út de 19e iuw.
De ynventaris hat in preekstoel út 1632, makke troch Dirk Claesz, in oerkape hearebank (1641) en in stikmannich roubuorden. It oargel út 1872 is boud troch Petrus van Oeckelen.
Klokken
bewurkje seksjeOant yn de Twadde Wrâldkriich hie de tsjerke twa klokken, ien út 1493 en ien út 1768. De klokken waarden yn de oarloch troch de besetter foardere, mar allinne de âldste kaam werom nei Oentsjerk. Yn 2021 krige de tsjerke in ferfanger fan de klok út 1768. De yn Finsterwâlde getten klok krige de namme Anna, nei de mem fan Marije, en draacht it opskrift "in klok waard ús weinaam / troch iendracht kaam de nije / dat wy troch it hearren fan syn klank / ta God ús rjochtsje yn bea en tank" .[1]
Oare tsjerken fan de Protestantske gemeente Trynwâlden
bewurkje seksjeOfbylden
bewurkje seksje-
Oargel
-
Oersjoch ynterieur
-
Rouboerd Jan de With
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|