Protestantske tsjerke (Muntendam)

De Protestantske tsjerke is de eardere Herfoarme tsjerke en tsjintwurdige PKN-tsjerke fan Muntendam, Grinslân. Fanwegen it oargel is de tsjerke sûnt 1973 in ryksmonumint.

Protestantske tsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
plak Muntendam
adres Tsjerkestrjitte
koördinaten 53° 08' N 6° 52' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1840-1841
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 30140
Webside
PKN Muntendam
Kaart
Protestantske tsjerke (Grinslân)
Protestantske tsjerke

Ear't Muntendam in eigen tsjerke krige, tsjerken de lju yn Súdbroek. Dat wie yn dy tiid in oere rinnen. It doarp hie lykwols wol in eigen dûmny. Al sûnt it ein fan 'e 18e iuw krewearren de ynwenners foar in eigen tsjerke, mar dat plan waard jierren opkeard om't der tocht waard dat de earme befolking fan Muntendam gjin eigen tsjerke ûnderhâlde koe. Lang om let krigen de ynwenners yn 1839 tastimming fan kening Willem I om in eigen tsjerke te bouwen mei de tasizzing fan in bydrage fan 4.200 gûne.

Op 10 april 1840 waarden de earste hoekstiennen lein en yn 1841 koe it gebou yn gebrûk nommen wurde. Boppe de gevel is it boujier oanbrocht. Yn 'e dakruter hinget in klok fan it brûns fan in âldere klok út it 'Olde Convent' fan Grins. Dy klok út 1470 waard yn 1843 omgetten ta de klok dy't der no hinget.

 
Van Oeckelen-oargel foar de restauraasje fan 2004.

Yn 1863 waard de opdracht oan Petrus van Oeckelen jûn om in nij oargel te bouwen. It oargel waard troch Bakker & Timmenga yn 2004 restaurearre en werom brocht yn 'e oarspronklike steat. Ek de oargelkas is yn it ramt fan dy restauraasje werom brocht yn 'e oarspronklike kleuren swart en goud.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: