Nikolaastsjerke (Onstwedde)

De Nikolaastsjerke fan Onstwedde is in goatyske tsjerke yn it doarp Onstwedde yn de gemeente Stedskanaal yn de regio Westerwâlde yn de Nederlânske provinsje Grinslân. Hy waard om 1500 hinne boud, mar de 41 meter hege Juffertoer is wol in goed oardel iuw âlder as de tsjerke.

Nikolaastsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Stedskanaal
plak Onstwedde
adres Kerklaan 9
koördinaten 53° 1' N 7° 2' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier om 1500 hinne
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 34169
Webside
www.hervormdonstwedde.nl
Kaart
Nikolaastsjerke (Grinslân)
Nikolaastsjerke

Onstwedde hearde, lykas de rêst fan Westerwâlde oant 1568 tsjerklik ta it Bisdom Osnabrück, wylst it wrâldlik bewâld ûnder gesach fan de biskop fan Múnster wie. De pastoar waard troch de abt fan de Abdij fan Corvey by Höxter beneamd, mar dy liet meastentiids de kar oan de parochianen oer.

 
It ynterieur fan de tsjerke

De tsjerke waard, neffens ûndersyk dat koartlyn dien waard, ynearsten wijd oan Jakobus, dy't op ferskate pastoarsegels foarkomt. Yn 1475 of 1476 waard der sprutsen fan Sunte Nicolaus der hilgen patronen tho Unswede, in hillige dy't ek op it segel fan Westerwâlde út 1402 foarkomt. It is mooglik dat it om in wikseling mei Vlagtwedde gie. It is nei alle gedachten net wierskynlik dat de tsjerke ynearsten oan Nikolaas wijd waard, om't it ferearjen fan Nikolaas pas yn de tolfde iuw op gong kaam en de tsjerke fan Onstwedde al langer bestien hat.

De tsjerke fan Onstwedde foarme it sintrum fan it seendrjocht yn it Aartsdiakonaat Fryslân, dêr't ek grutte parten fan it Iemslân ta hearden. Dêrmei kin oannaam wurde dat it hjoeddeistige tsjerkegebou ien of mear foargongers hân hie, dêr't de âldste fan út de tsiende of alfde iuw komt. Om 1150 hinne waard de tsjerke fan Unsvede foar it earst neamd en it wie doe noch de iennige tsjerke yn Westerwâlde. Pastoar Gerardus Bol neamde himsels yn 1466 kerckheer to Unswedde, deken in Vreslant. Hy brûkte as segel in ôfbyld fan Sint-Piter. De fikaris Herman naam yn 1468 dy funksje waar en brûkte dêrby dat segel myns ampts der Dekenije.

Yn de fyftjinde iuw hiene de pastoars fan Onstwedde gauris spul mei de famylje Addinga dy't Westerwâlde út namme fan de biskop fan Múnster en de abt fan Corvey bestjoerde. Yn 1474 waarden de nij keazen pastoar en syn plakferfanger yn opdracht fan Haye Addinga fermoarde. De pastoar waard efter in hynder oan bûn en oer de grûn hinne sleept oant er ferstoar. Syn maat waard flak foar syn ferfarren nei Rome, dêr't er help sykje woe, deamakke, dêr't syn hûs neitiids fernield waard. De Addinga's waarden troch it folk út Westerwâlde ferjage mei stipe fan Grins, dy't it bestjoer oer Westerwâlde dêrnei oernaam.

De oergong nei it protestantisme yn de omkriten fan Onstwedde yn 1594 ferrûn frij rêstich. Nei alle gedachten wiene de pastoars sûnt de mids-sechtjinde iuw al Lutherskgesind. Pastoar Albert Colters (om 1541 hinne - om 1578 hinne) hie as kommissaris fan hartoch Jan fan Arenbech tagelyk de lieding oer de geastlike rjochtspraak yn Westerwâlde. Nei him kaam Berent tho Unsde, dy't yn 1589 opfolge waard troch lic. Johannes Mensynck (stoarn 1606). Mensynk wie tagelik rjochtsgelearde. Om 1597 hinne gie er oer ta de Herfoarme tsjerke, dêr't er neitiids syn gemeente noch njoggen jier tsjinne. Yn 1577 lei, mooglik Johannes Mensing dy't earder pastoar fan Meppen wie, syn amt del om't er spul mei it stedsbestjoer fan Grins hie. Hy wie tagelyk kanunnik yn Múnster en gou as it "prototype fan in Lutherske tsjerkehear". De pastoar krige stipe fan in fikaris.

 
It doopfont

Ek de opfolgers fan Mensynk kamen út it Dútske grinsgebiet wei. Justinus Havenberg (1612-1615) waard berne yn Wesel, Matthias Fabricius (1615-619) wie earder in Lutherske predikant yn Holte-Lastrup yn it Iemslân, mar waard yn opdracht fan de katolike biskop ôfsetten. Johannes Friderici (1619), dy't net al te lang bleau, wie ek in flechteling út it Prinsbisdom Múnster. Johannes Fabricius (1619-1631/1632) folge syn heit op. Johannes Henrici Francq (1633-1669) stamme mooglik út East-Fryslân ôf. Michael Borgesius (1670-1672) wie de soan fan in immigrant út Hamburch. Everwinus Molanus (1673-1711) woeks op yn Sellingen, mar syn heit stamme mooglik út Teklenburch. Hy waard opfolge troch syn soan Ernestus Molanus (1712-1734) en dy syn omkesizzer Harbertus Molanus (1736-1768). Hermannus Beekhuis (1769-1774) kaam út Grins en waard letter predikant yn Emden en Bunde. Nicolaus Petri Ross (1775-1777) waard berne in Lier. Johannes Albertus Zeno Meiling (1778-1800) kaam út Lingen en Adriaan Oomkes (1800-1842) kaam út Blijham. Westerwâlde wie yn dy tiid mear oriïntearre op it Iemslân en Westfalen as op Grinslân.

Yn Dútslân hiene de Lutheranen hast gjin problemen mei de katolike oerbliuwsels yn de tsjerke. Dat gou ek foar de ynwenners fan Onstwedde, ta argewaasje fan de strange kalvinisten.

It piëtisme kaam frij let op gong yn Onstwedde. Fromme boeken lykas Het Innige Christendom fan Wilhelmus Schortinghuis wiene om 1800 hinne frij populêr by de boerestân. Dûmny Molanus (1768) wie in tsjinstanner fan dy streaming. Mar mei de beneaming fan dûmny Beekhuis feroare dat. Om 1832 hinne wie der fannijs ûnfrede oar de predikant. Dat late ta de oprjochting fan in kristlike grifformearde tsjerke. Nei it beroppen fan de populêre predikant Henricus Eskelhoff Gravemeijer út Midwolda yn 1865 hearde Onstwedde ta de herfoarme otterdoksy. De gemeente sleat him letter oan by de Grifformearde Bûn yn de Herfoarme Tsjerke.

Yn de tsjerke stiet in goatysk doopfont fan Bentheimer sânstien, nei alle gedachten út 1524. It doopfont waard nei de Reformaasje út de tsjerke helle en kaam terjochte yn de buorskip Veenhuizen, justjes bsúdwesten Onstwedde. Dêr waard it brûkt as drinkbak foar it fee en faaks ek as slypstien foar knyften. Yn 1950 bea de doetiidske eigener it doopfont oan de tsjerke, mar om't it tsjerkebestjoer it doopfont yn de toer sette woe, lyts de eigener syn bod wer yn. Yn 1989 waard fannijs oanspraak makke op it doopfont. Yn 1991 waarden de earste trije bern yn it âlde doopfont doopt.

De alterstien dy't ek út de tsjerke helle waard, leit bûten de tsjerke. It oargel komt út 1984 en waard boud troch S.F. Blank.

It portaal oan de noardkant komt út 1713 en waard makke by de restauraasje fan de tsjerke. Boppe de doar binne twa tinktekens fan sânstien, de boppeste stien hat in Hebriuwske ynskripsje: המקדש יהוה, dat "It hillichdom fan de HEARE" betsjut. De ûnderste stien hat in ynskripsje ta oantinken oan de restauraasje: Ernestus Molanus pastor anno 1713 den 14 Julius is kerk en toren hersteld. Timen Bertels werkbaas Jan Jacob Fecit.

De goed 41 meter hege Juffertoer hat muorren dy't op guon plakken wol twa meter grou binne. Faaks waard de toer as brûkt foar it ferdigenjen. Nei alle gedachten hat de befolking fan Onstwedde him yn detoer weromlutsen doe't se bedrige waarden. Om de tsjerke en toer lei eartiids ek in grêft mei in flapbrêge.

De toer fan de tsjerke liket skean te stean, mar dat liket mar sa, want dat komt troch de draaide kop fan de toer. De linen fan de achthoekige toerspits rinne troch it draaien net alhiel rjocht en jouwe it byld dat de toer skean stiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Nicolaaskerk (Onstwedde)