In pastoar is de harder fan in roomske of anglikaanske parochy. Hy docht earetsjinsten út namme fan de biskop, betsjinnet de sakreminten en ferkundiget it leauwe. Yn de Midsiuwen hong syn beneaming yn feite ôf fan de tsjerkehear of patroan; troch ynkorporaasje koe it amt formeel op kapittel of kleaster oergean. De pastoar libbe fan grûnbesit, de selsbewurke of ferpachte pastorijpleats en wie oansteld foar it libben. Faak hie hy help fan ien of mear fikarissen. It peil wie wakker ûngelyk. Allegearre binne se yn 1580 ûntslein troch de Steaten.

In pastoar oan it wurk

De sekulieren hâlden nei de reformaasje fêst oan de titel Pastoar, al wienen der gjin parochys mear. De apostolysk fikaris beneamde en ûntsloech. Leke-ynfloed is ward. De regulieren (misjonaris of sosius) waarden oanwiisd troch harren oarderoersten ûnder goedkarring fan de apostolysk fikaris en faak oantsjutten as 'fajer'. Nei 1853 hiet elkenien dy't yn de parochy wurke Pastoar of kapelaan. De biskop beneamt sûnttiid regulieren op foardracht fan de oarderoersten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: