Addinga
It laach Addinga fan Westerwâlde wie haadlingefamylje dy't syn komôf yn it Fryske Reiderlân hie. Neffens oerleverings wiene hja flechte foar de úttynjende Doalert by de Sint-Marsellusfloed fan 1362. Yn Wedde waard de Wedderboarch om 1360/1370 boud. It is net wis dat de Addinga's flechte binne troch de oerstreamings of fuortjage waarden, want de Doalert ûntstie pas yn de iere fyftjinde iuw.
Skiednis
bewurkje seksjeIt is net alhiel wis wêr't de Addinga's no krekt weikamen. Yn 1474 besocht Egge (II) Addinga te bewizen dat de Addinga's al op syn minst hûndert jier de hearlikheid Westerwâlde besieten mei ôfskriften fan de biskop fan Múnster en de abt fan de Abdij fan Corvey. Yn 1474 bliek dat de Addinga's njonken de hearlikheid Westerwâlde ek it gerjocht Wynskoat yn lien hiene. Om't hja fan Reiderlânsk komôf wiene, kamen hja nei alle gedachten út Wynskoat.
Yn 1391 waard yn in oarkonde it Hûs fan Wedde foar it earst neamd. Egge (I) Addinga, dy't de soan fan stamheit Adde wie, waard doe lykwols noch oantsjutten as haadling yn Reiderlân. It folk fan Westerwâlde hie der swierrichheid mei en erken de hearskippij fan Egge Addinga, benammen op it mêd fan bestjoer en rjochtspraak. Egge gie tsjin it Westerwâldske lânrjocht yn doe't er it rjochtsit fan Vlagtwedde nei Wedde ferhuze. Doe't Egge op 'en paad wie fan Onstwedde nei Wedde, waard er by Wessinghuizen oanfallen en fermoarde. Mar de macht fan de Addinga's wie noch net fuort, krektoarsom se hiene de macht folslein yn hannen. De ynwenners fan Westerwâlde sein op 4 juny 1391 ta oan de minderjierrige bern fan Egge: Adde, Haye en Boele, Egge syn widdo Focke Kekesma en harren omke Unico Ripperda (proast en haadling yn Farmsum) en Wyarde Memminge (haadling yn Bunde, Memmen en soan Tiabbeken Jelderkes de ferplichtings nei te kommen dy't se hiene mei de ferstoarne Egge. Al dy persoanen wiene besibbe oan Egge. Op 12 maart 1392 ferkochten Wyarde Memminge, Memmen en Tiabbeken Jelderkes harren rjochten op de boarch fan Wedde en Westerwâlde oan de Addinga's. Yn 1391 waard Egge Addinga yn Westerwâlde neamd ûnder de capitales (haadlingen) fan Reiderlân. Yn 1400 joech de biskop fan Múnster Westerwâlde oan de bruorren Haye en Boele yn lien.
De Addinga's bleaune de gânse fyftjinde iuw oan de macht yn Westerwâlde. Yn Wynskoat ferlearen se in soad macht doe't de ynwenners in bûn mei de stêd Grins sleaten. Yn 1478 waarden se troch de Westerwâldske befolking mei stipe fan Grins fuortjage fan de Wedderboarch. Yn 1486 mochten se mei tastimming fan de Múnsterske biskop weromkomme.
Yn de tsjerke fan Wedde leit noch in sark fan de yn 1492 stoarne Haye Addinga mei it opskrift: Int jar uns Heren MCCCC un XC und II des Fridages na Marien Verkundighe starf Haye Addinghes, Hooflink van Westerwolde, des sine siele mote resten in den vrede. Amen.
De Addinga's waarden, neffens ûnder oaren Abel Eppens in syn kronyk út de sechtjinde iuw, yn tsjinstelling ta in soad lagen yn oansjen, gjin haadling of hearskip neamd ,mar jonker lykas de Ripperda's en de Onsta's.
Yn Feenstra's "Adel" waarden de Addinga's de Ewsums, Manninga's en Ripperda's om 1500 hinne beskôge as haadlingen fan bysûndere rang, lykas adel.
Haye (III) Addinga wie noch minderjierrich doe't er yn 1523 de rjochten op Wedde en Westerwâlde werom krige. Dat duorre net lang, want yn 1530 waard it gebiet troch Karel fan Gelre oermastere.
Stambeam fan Addinga
bewurkje seksje- Egge (I) (berne om 1365 hinne, fermoarde 1391), boaske mei Focke Kekesma (earder boaske mei Margareta Ripperda, de suster fan Unico Ripperda fan Farmsum; bern: Adde, Haye (I) en Boele.
- Haye (I) (berne om 1400 hinne, stoarn foar 1443), boaske mei Reinste (of Renske) Abdena; bern: Egge (II).
- Egge (II) (berne om 1425 hinne, fermoarde 1475), boaske mei Blydeke te Fraam; bern: Haye (II). Yn 1487 ferkochten Blydeke en har soan Haye (II) de boarch yn Fraam (yn Huizinge)
- Haye (II) (berne om 1450 hinne, stoarn 30 maart 1492), boaske mei Elizabeth fan Dedem; bern: Jurgen.
- Jurgen (ek: George) (berne om 1490 hinne, stoarn 1525), boaske mei Anna Thedema fan Zandeweer. Bern: Haye (III), Elisabeth en Margaretha.
- Haye (III) (stoarn 1540 yn Zandeweer).
- Elisabeth (berne 1521) boaske op 25 maaie 1538 mei Joost Lewe fan Peize (1515-1589).
- Margaretha (berne om 1515 hinne) boaske mei Eilco Clant fan Nittersum (berne om 1515 hinne).
- Jurgen (ek: George) (berne om 1490 hinne, stoarn 1525), boaske mei Anna Thedema fan Zandeweer. Bern: Haye (III), Elisabeth en Margaretha.
- Haye (II) (berne om 1450 hinne, stoarn 30 maart 1492), boaske mei Elizabeth fan Dedem; bern: Jurgen.
- Egge (II) (berne om 1425 hinne, fermoarde 1475), boaske mei Blydeke te Fraam; bern: Haye (II). Yn 1487 ferkochten Blydeke en har soan Haye (II) de boarch yn Fraam (yn Huizinge)
- Haye (I) (berne om 1400 hinne, stoarn foar 1443), boaske mei Reinste (of Renske) Abdena; bern: Egge (II).
Wapen
bewurkje seksjeIt wapen fan Haye (II) Addinga (fan syn mem Margaretha Ripperda), stoarn op 30 maart 1492: Yn blau in man yn harnas op in fjouwerjende hynder, dy't mei in swurd earmswaait en mei in helm mei plom boppe-op, allegear fan goud. It helmteken: in útkommende draak mei in opheffende flecht. Dat wapen komt ek foar by de famyljes Tho Nansum en Ripperda, dy't faaks út ien stamme komme.
Dêropta fierde Haye syn heit Egge (II) in liuw as wapen. Dat wie de oarspronklike wapen fan de Addinga's.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|