Qbuzz is in iepenbier ferfierder dy't sûnt 14 desimber 2008 aktyf is yn it steds- en streekferfier. Anno 2025 rydt Qbuzz yn de provinsjes Grinslân en Drinte, de Regio Utert, DMG (Doardt en Gorkum), Súd-Hollân Noard en Fryslân.

Qbuzz
Qbuzz
In Iveco Bus Crossway LE 13 m bus fan Qbuzz op Ljouwert, Busstasjon yn de hjoeddeiske hússtyl konsesje Qbuzz Fryslân
In Iveco Bus Crossway LE 13 m bus fan Qbuzz op Ljouwert, Busstasjon yn de hjoeddeiske hússtyl konsesje Qbuzz Fryslân
Algemiene Ynformaasje
Lân flagge fan Nederlân Nederlân flagge fan Itaalje Itaalje
Haadfêstiging Amersfoort
Oprjochter(s) Rob van Holten en Leon Struijk
Eigener Qbuzz BV
Kaaifiguren Gerrit Spijksma, CEO van Qbuzz
Aktyf fan april 2008 - no
Bedriuwsstruktuer
Memmebedriuw BusItalia (Ferrovie dello Stato Italiane)

Qbuzz waard yn april 2008 oprjochte troch Rob van Holten en Leon Struijk, dy't dat jier earder noch ûntslach namen út de ried fan bestjoer fan Connexxion. De Nederlânske Spoarwegen (NS) namen in belang fan 49% yn Qbuzz. Dit waard troch oare busbedriuwen sjoen as ûnearlike konkurrinsje, omdat de Nederlânske Steat alle oandielen fan NS yn besit hat, wat betsjutte dat it bedriuw yndirekt steatsstipe ûntfange koe. Yn ferskate rjochtsaken die de rjochter útspraken yn it foardiel fan Qbuzz.[1]

By de lansearring yn 2008 kundige Qbuzz oan dat it doel wie om yn acht jier in fjirde fan de Nederlânske busmerk yn hannen te krijen.[2]

Yn july 2012 waard bekend dat NS de oerbleaune 51% fan de oandielen fan Qbuzz oernimme woe. Dit wie ûnderdiel fan de plannen fan NS om it bedriuw yn de takomst te fusearjen mei har Britske dochterûndernimming Abellio. Mei dizze stap woe NS in sterke dochterûndernimming ûntwikkelje dy't har rjochtsje koe op it oernimmen fan bus- en spoarlinen, sawol yn Nederlân as yn de rest fan Europa. It oernameplan waard yn maart 2013 yntsjinne by de ûndernimmingsried fan NS, en op 29 april 2013 waard de oername offisjeel foltôge.[3][4]

Nei de oername sette Rob van Holten de stap nei HTM Passazjiersferfier. Leon Struijk bleau oant 1 febrewaris 2015 direkteur fan Qbuzz, en waard dêrnei opfolge troch Annemarie Zuidberg-Tabak. Sy wie sûnt it begjin fan Qbuzz regionaal direkteur foar de noardlike konsesjes en waard letter ek direkteur fan Abellio Nederlân. Op 1 septimber 2015 waard Jan Kouwenhoven beneamd ta direkteur fan Qbuzz, en Gerrit Spijksma waard CFO. Sy hiene de taak om it beskeadige imago fan Qbuzz te herstellen, dêr’t it bedriuw oan it besûnderen fan fraude by de oanbesteging fan iepenbier ferfier yn Limburch ferantwurdlik foar wie.[5]

Yn augustus 2015 kaam der it gerucht dat Qbuzz yn 'e hannen fan de Frânske spoarweimaatskippij SNCF telâne komme soe.[6] De NS woe it bedriuw ferkeapje yn ruil foar oandielen yn de hegesnelheidsline Thalys.[6] Dy ferkeap soe in direkte gefolch wêze fan it oanbestegingsdebakel yn Limburch.[6] De ferkeap gie lykwols net troch.

Yn july 2017 waard bekend dat NS, ûnder foarbehâld fan tastimming fan de Autoriteit Konsument en Merk, in nije eigener foar Qbuzz fûn hie. Op 13 july 2017 tekene BusItalia de keapoerienkomst. BusItalia is ûnderdiel fan Ferrovie dello Stato, de FS Groep, dy't aktyf is yn it iepenbier ferfier yn ferskate lannen.[7]

Namme en hûsstyl

bewurkje seksje

Direkteur Rob van Holten hie yn earste ynstânsje de namme Antiloop yn gedachten foar it busbedriuw, mar dit wie net geskikt út in marketingperspektyf.[8]

De namme Qbuzz kin útsprutsen wurde sawol yn it Nederlânsk as "Kubus" as yn it Ingelsk as "Kjoe-buzz". De letter Q ferwiist nei it Ingelske wurd Quality (kwaliteit), wylst Buzz stiet foar bus. De dûbele Z oan 'e ein fan de namme moat it in eigentiids karakter jaan, dat benammen jonge reizgers oansprekke moat.

De hûsstyl is basearre op de kleuren fan de flagge fan de Prins (oranje, wyt, blau, of oranje, wyt en blau). Allinnich yn Fryslân rieden de MAN Lion's City-bussen yn dizze hûsstyl, yn kombinaasje mei in oantal regionale skaaimerken, wêrûnder in oantal pompeblêden. Yn de oare konsesjes hat de kliïnt in regionale hûsstyl foarskreaun.

Grins/Drinte

bewurkje seksje

Qbuzz eksploitearre sûnt 13 desimber 2009 praktysk alle stêd- en streekferfier yn de provinsjes Grins en Drinte yn opdracht fan it OV-buro Grins Drinte. Foar lytsskalige lijnen, lykas buertbussen, lijntaxi's en de stedsdiensten yn Meppel en Hoogeveen wiene aparte fergunningen jûn oan lokale taksybedriuwen.

Konkurinten Arriva en Connexxion hienen ek in offerte yntsjinne. Arriva makke beswier tsjin de gunning, mar de rjochtsaak waard ferlern.[9] Fanwege de rjochtsaak hie Qbuzz noch mar trije yn stee fan njoggen moanne de tiid om him foar te ûnderrjochtsjen op de konsesje. Mercedes-Benz krige de taak om 361 bussen te bouwe. In grut part koe op tiid levere wurde. It tekoart waard tydlik opfongen troch 24 brûkte Mercedes-Benz bussen.[10] Der waarden 43 bussen nagelevere.

Yn desimber 2012 waard it kontrakt mei twa jier ferlinge oant desimber 2017 en yn desimber 2014 waard it kontrakt nochris ferlinge oant 14 desimber 2019.[11]

Ferfierder Qbuzz mocht noch tsien jier, tusken 8 desimber 2019 en 8 desimber 2029, it busferfier bliuwe fersoargje yn de konsesje Grins Drinte.[12]

Om de herkenberens fan de stêdbussen yn de stêd Grins te ferheegjen, fûren dizze de lijnnummers mei in eftergrûnkleur en soms ek in wite lijn rûn it getal. De eftergrûnkleuren wiene op de streekbussen net oanwêzich.

Net bûten de stêd Grins lizze in seis transferia, te witten:

  • P+R Euroborg P3
  • P+R Haren A28
  • P+R Kardinge
  • P+R Hoogkerk A7
  • P+R Reitdiep
  • P+R Meerstad

Fan dizze terreinen reed oant 4 jannewaris 2014 oer dei om de 5, 10, 12 of 15 minuten in P+R Citybus fan Qbuzz. Dizze tsjinsten waarden riden mei gelede bussen fan it type Mercedes-Benz Citaro. De bussen op lijn 22 tusken Euroborg/P3 en Haren/A28 hienen in eigen P+R bushûsstyl. De P+R Citybus waard ferfongen troch Q-link.

Yn Grins en Drinte reed Qbuzz seis buslinen ûnder de formule Qliner en dizze begjinne en einigje allegear op stasjon Grins (m.u.o. lijn 310 Assen - Veendam). De Qliners ride nei Assen (309), Emmen (300), Drachten (304 en 314) en Stadskanaal (312). Dy wurde oanfolle mei Qliners fan Arriva nei Bolsward (335), Drachten (324), Heerenveen (315, 324) en Emmeloord (315, 324). Earder reden der mear Qliners, mar dy binne ûnder oare ferfongen troch in treinferbining (Veendam-Grins) en Q-link linen. Yn de simmer fan 2014 is in grut diel fan it Qliner-wagenpark fernijd. De fernijing bestiet út 26 bussen mei in lingte fan 15 meter dy't foarsjoen binne fan Wi-Fi.[13]

Konsesje fan 2019 ôf

bewurkje seksje

Qbuzz lei op 4 maart 2019 in bestelling fan 160 elektryske bussen ter wearde fan in lytske 100 miljoen euro. It giet om 60 bussen fan it merk Ebusco, 43 bussen fan it type VDL Citea; 32 stuks SLF 120, elf stuks SLFA 180 en 59 bussen fan it type Heuliez GX 437 Linium ELEC bestimd foar Qlinks 3 t/m 5, skriuwt it FD.[14] Qlinks 6, 12 en 15 folgje letter. Foar dizze bussen waarden yn beide provinsjes yn totaal 22 laadpalen pleatst.[15]

Qbuzz makke yn novimber 2019 bekend dat der 20 streekbussen op wetterstof bijkomme foar de regio Grins[16] en yn septimber 2020 waard bekend dat der ek noch tsien ekstra streekbussen op wetterstof foar de regio Emmen komme. [17] Dizze bussen ferfange âldere bussen op biodiesel.

Súd-Hollân Noard

bewurkje seksje

Qbuzz kampt yn desimber 2024 mei de fertrage levering fan nije bussen foar de konsesje Súd-Hollân Noard.[18] Dêrtroch moasten tydlik ek bussen ynset wurde sûnder yn- en útcheckapparatuer en/of mei minder toegaanskelijkheid foar reizgers mei kinderwagens, swiere bagaazje of rolstoelen. Ter kompensaasje foar it ûngemak koe in pear wiken fergees reizge wurde mei alle bussen. Omdat in grut diel fan de bestelde elektryske bussen net op tiid levere waard, ferloe het ferfier sûnt it hjerst fan 2024 chaotysk. It ferbetterplan foldie net oan de steld eisen en waard troch de provinsje ôfwiisd. Dêrop waard in boete oplein.[19] Yn april 2025 wie de tsjinstútfiering ferbettere troch de ynstream fan nije bussen. De útfall fan ritten wie fermindere, mar noch net hielendal ûnder kontrôle. De oplaadfoarsjennings foar elektryske bussen funksjonearren net optimaal, ûnder mear omdat de fereaske fergunningen noch ûntbrieken. In protte ritten waarden riden mei twaddehânse dieselmaterieel (kocht fan Arriva of fanút Berlyn en Reykjavik helle) en hybride bussen út Oslo. De personielssterkte wie yn april noch net op peil en de sjauffeurs wiene net goed ferdield oer de ferskate (diels nije) festigings.

U-OV is de merknamme wêrûnder Qbuzz sûnt 8 desimber 2013 it iepenbier ferfier per bus en tram yn regio Utert fersoarget. Dizze konsesje rint oant 9 desimber 2023. Begjin 2021 is de rintiid mei twa jier ferlinge oant desimber 2025.[20] It hat trije jier duorre foardat Qbuzz úteinlik foar de Regio Utrecht (BRU) ride mocht. Connexxion, de ferfierder yn dat gebiet, spande rjochtsaken oan tsjin de gunning oan Qbuzz. Op 4 oktober 2010 gunde it BRU de konsesje foar it earst oan Qbuzz mei as yngongsdatum 11 desimber 2011. Hjir tsjin makke Connexxion beswier en it beslút waard skorst. Op 29 augustus 2011 besleat men om de konsesje op'e nij oan Qbuzz ta te kennen. De yngongsdatum wie yntusken ferskood nei 9 desimber 2012.[21][22]

Connexxion stapte yn oktober 2011 nei de rjochter en woe dat de oanbestegingsproseduere opnij dien wurdt. It College van Beroep foar it bedriuwslibben skorste de gunning oan Qbuzz opnij, om't neffens dizze rjochter Connexxion gjin earlike kâns hân hat fan it BRU. [23][24]

Op 8 oktober 2012 waard bekend dat ek yn de nije oanbesteging de konsesje oan Qbuzz takend waard. Connexxion makke hjir tsjin wer beswier tsjin. Yn jannewaris 2013 makke it BRU bekend dat de beswieren fan Connexxion ûnbegrûne ferklearre waarden. Connexxion stapte dêrop opnij nei de rjochter. Op 2 maaie 2013 hat it Kolleezje fan Berop foar it bedriuwslibben besletten dat de gunning fan de konsesje oan Qbuzz yn stân bliuwt.[25][26][27] [28]

Drechtstêden, Molenlanden, Gorinchem (DMG)

bewurkje seksje

De provinsje Súd-Hollân hat op 10 jannewaris 2018 bekend makke dat Qbuzz it bêste foldien hat oan de eask foar in takomstfêst netwurk fan OV, dat boppedat goed oanslút by de fraach yn de regio. De nije konsesje jildt foar in perioade fan acht jier, mei twa kear in opsje ta ferlinging (yn 2022 is de konsesje mei de maksimale termyn ferlinge) [29] Op 21 febrewaris 2018, nei de wetlike beswierperioade fan seis wiken, waard bekend dat de gunning definityf wie. Wol waard in foarbehâld makke foar it gebiet Fiifhearelannen om't de nij te foarmjen gemeente hjir ta de provinsje Utert hearre sil. [30] Ien fan de feroaringen dy't Qbuzz yn de regio oanbrocht hat is dat se yn dizze regio foar in part ûnder de namme R-net riden geane; ek is Qbuzz úteinset mei in nije snelbusformule ûnder de namme: 'snelBuzz'.

De konsesje DMG rint oant 10 desimber 2033 nei in ferlinging fan 7 jier yn 2022 (de oarspronklike konsesje rûn oant 12 desimber 2026). [31]

De hjoeddeiske iepenbier ferfierkonsesje yn de provinsje Fryslân is op 15 desimber 2024 fan start gien en wurdt útfierd troch Qbuzz foar in perioade fan tsien jier (2024-2034)[32]. Dizze konsesje omfettet it busferfier yn hiel Fryslân, ynklusyf de Waadeilannen, en is in gearfoeging fan de earder aparte konsesjes[33] Mei dizze konsesje komt Qbuzz nei in ôfwêzigens fan 12 jier werom as iepenbier ferfierder yn Fryslân. Het treinvervoer in de provincie wordt tot 2035 verzorgd door Arriva.

Oanrin nei de konsesje

bewurkje seksje

De oanbestedingsproseduere foar de nije konsesje sette yn 2020 útein. De oarspronklike planning wie dat de nije ferfierder yn desimber 2022 begjinne soe, mar de coronapandemy late ta útstel.[34] De provinsje Fryslân stelde yn it Programma fan Easken (PvE) easken op mei de klam op in fleksibel oanbod, duorsumens (folslein útstjitfrij iepenbier ferfier yn 2030) en ynnovative oplossingen foar de berikberens fan lytsere plakken.

Yn oktober 2023 waard de konsesje gund oan Qbuzz. Sawol de sittende ferfierder Arriva as Qbuzz sels tsjinnen beswieren yn tsjin de gunning. It beswier fan Arriva rjochte him op de folge proseduere en de beoardieling fan it ferfierplan.[34][35] De reden fan it beswier fan Qbuzz is net publyklik bekendmakke. Uteinlik wiisde de rjochter it beswier fan Arriva ôf, wêrtroch Qbuzz de konsesje begjinne koe.[35]

Opstartproblemen

bewurkje seksje

Sûnt de start fan de konsesje yn desimber 2024 hat Qbuzz te krijen mei ferskate opstartproblemen [36][37]:

  • Busmaterieel: Der is in tekoart oan beskikbere bussen, wat resultearret yn útfallen fan ritten. Qbuzz ferwachte de busfloat binnen twa moanne nei de start op oarder te hawwen.[36]
  • Nije systemen: Der binne problemen mei de ymplemintaasje fan nije yn- en útsjeksystemen, wat ek de reizgersynformaasje en betellingsmooglikheden beynfloedet.[36]
  • Feiligens: Yn de begjinperioade wiene der meldingen oer it ûntbrekken fan deadshoekspegels op nije bussen. Qbuzz is dwaande mei it ynstallearjen fan kameraspegels as alternatyf.[36]
  • Tsjinstregeling: Sjauffeurs ervoeren yn de begjinfaze knelpunten yn de nije tsjinstregeling.[36] Qbuzz hat oankundige dat per 6 maaie 2025 in herziene tsjinstregeling fan krêft wurdt dy't in protte fan dizze problemen ferhelpe moat.[36]
  • Fasiliteiten: Der wiene problemen mei de stalling fan fytsen by busstasjons, lykas yn Boalsert.[36]

Fakbûnen binne yn petear mei Qbuzz om de opstartproblemen te besprekken en nei oplossingen te sykjen. Der fine regelmjittige oerleggen plak om de fuortgong te bewekjen.[36]

Earder Rydgebiet

bewurkje seksje

Qbuzz hat eartiids oan trije oanbestegings meidien, wêrfan't twa wûn waarden, te witten dy fan Súdeast-Fryslân en de Stêdsregio Rotterdam. Op dizze gebieten hienen gjin oare bedriuwen harren ynskreaun troch de finansjele risiko’s mei de ynfier fan de OV-chipkaart. Ek de koarte rintiid fan de oanbestegings en de djoere brânstofprizen hienen hjir mei te krijen.

Om de oanbestegings út te fieren hat Qbuzz in liening fan 35 miljoen euro ôfsluten en 154 nije bussen besteld.

Súdeast-Fryslân

bewurkje seksje

It rygebiet Súdeast-Fryslân beslacht de gemeentes Eaststellingwerf, Weststellingwerf, It Hearrenfean, Opsterlân, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen.

Sûnt 14 desimber 2008 rieden de bussen fan Qbuzz hjir. De tsjinstregeling feroare yn it earste jier fan Qbuzz net bot. Allinnich line 100, fan It Hearrenfean nei Grins oer de A7, waard feroare. Net it hiele gebiet wie fan Qbuzz, wêrtroch de line yn Drachten splitst wie. It part tusken It Hearrenfean en Drachten waard twa kear yn it oere riden troch de Qliner 310 fan Qbuzz. Fan Drachten nei Grins waard riden troch de Qliner 304 fan Arriva. Dizze linnen hearden byinoar en sluten ek op elkoar oan, ek waard foar in grut diel gjin ekstra taslach frege.

Ein 2009 soe der in nije tsjinstregeling komme, wêryn 15 persint mear bussen ride soene. Om't hja hjir op ta te riedzje gie der al in skoalbus fan Easterwâlde nei Ljouwert. Uteinlik moasten der fiif fan dizze skoalbussen komme fan Drachten nei de wichtichste skoallen fan It Hearrenfean, Wolvegea, De Gordyk en Ljouwert. Dêrneist soe der ek in direkte ferbining wêze tusken Aldeberkeap en Drachten.

Ek soe der in snelle ferbining fan It Hearrenfean nei Drachten wêze op alle treinen dy't op it stasjon fan It Hearrenfean oankomme. Hjirmei woe it bedriuw al oanslute op de spoarferbining Grins-Drachten-It Hearrenfean dy't der yn de takomst komme soe.

Om dit alles foar elkoar te krijen wiene fyftich ekstra sjauffeurs oannaam, ek wie in grut part fan it personiel fan Arriva oernaam. Qbuzz mocht oant en mei 2016 yn Súdeast-Fryslân ride.

Stêdsregio Rotterdam

bewurkje seksje

Yn de Stêdsregio Rotterdam hie Qbuzz de oanbesteging foar trije jier binnenhelle. It bedriuw soarge foar mear ritten yn it gebiet. Sûnt 14 desimber 2008 rieden de bussen fan Qbuzz hjirre.

Pleatsen dy't doe ûnder de tsjinsten fan Qbuzz foelen wiene Rotterdam, Barendrecht, Rhoon, Krimpen oan de Isel, Lansingerlân, Pienakker, Maasslús, Riddertsjerke en Vlaardingen.

Al it personiel fan de foarige ferfierder, Connexxion, wie oernaam.

Qbuzz hie har ek oanmeld foar it gebiet Haaglannen. Ek Connexxion en Veolia Transport diene mei. Op 1 septimber 2008 waard bekend dat Veolia Transport de oanbesteging wûn hie.

By de oprjochting fan Qbuzz ûntstie ophef oer inkele saken. Sa soe it bedriuw net genôch sinten ha om rekkening fuort te beteljen en soenen se net oan alle easken dy’t oan in ferfierder steld wurde foldwaan.

Ek wienen de oare iepenbier ferfierders net bliid mei itjinge dat de NS in oandiel fan 49 persint yn it bedriuw hie. Sa soe Qbuzz ûnrjochtmjittich help fan de steat krije yn de foarm fan subsydzje. De rjochter hat yn de tsien rjochtsaken dy’t tsjin Qbuzz oanspant wienen alles fan tafel feit.

Qbuzz hat nij leaste bussen fan MAN en Folkswein. De MAN’s binne boud yn Ankara en waarden ôfmakke yn Fianen. As reservefloat hie Qbuzz yn it begjin foar Rotterdam inkele âld-RET-bussen. Yn Súdeast-Fryslân wienen der in pear nije Poalske Volvo’s as reserve. Dit yn ôfwachting op de sân nij bestelde biogasbussen fan MAN.

Foar it standert streekferfier wurdt de MAN Lion’s City A78 ynset. Dizze bus hat fan de foardoar oant de efterdoar in legeflier. As de doarren iepen gean sakket de bus in bytsje nei rjochts, wêrtroch de opstap nei de bus noch mar in sintimeter of tsien is. Rolstoelen kinne troch in út te skowen planke yn de bus komme.

Foar de langere, Qliner, ritten wurde snellere bussen mei mear komfoar brûkt, de MAN Lion’s Regio. Dizze bus hat in hegeflier. Rolstoelen kinne mei in lift yn de bus komme.

Yn de buertbussen kinne acht minsken sitte. Foar dit ferfier wurdt de Folkswein Crafter brûkt.

Searje Oantal Soart Boujier Gebiet Ofbyld
1001 - 1100
- 1057, 1095, 1096, 1097 en 1100

95 MAN Lion's City A78 2008 Rotterdam  
2001 - 2041 41 MAN Lion's City A78 2008 Súdeast-Fryslân  
2042 - 2047 6 MAN Lion's Regio R14 2008 Súdeast-Fryslân  
n.f.t. 4 Volkswagen Crafter Volt 2008 Súdeast-Fryslân  
401-410 10 Volvo Polska 8700 2008 Súdeast-Fryslân  

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Op de buslinen yn Súdeast-Fryslân rieden bussen fan MAN en Mercedes-Benz. De MAN-bussen binne boud yn Ankara en ôfboud yn Vianen. De MAN's waarden ûnderhâlden troch Wierda bedriuwswagen yn Drachten. Yn Grins/Drinte wurdt riden mei liisde bussen fan Mercedes-Benz, dy't ûnderhâlden wurde troch Wensink.

Fan de tsjinstregeling 2020 ôf rydt Qbuzz yn de konsesje Grins-Drinte (GD) mei yn totaal 164 elektryske bussen fan trije leveransiers, wylst ek yn de konsesje Regio Utert 55 e-bussen ride, njonken trettjin âldere fiertugen. Yn de konsesje DMG rydt de ferfierder sûnt maaie 2019 al mei in folslein elektryske stedsstsjinst yn Doardt en Gorkum, besteande út respektivelik 37 en twa eksimplaren. Dêrmei ride fan desimber 2019 ôf sa'n 300 ZE-bussen fan Qbuzz troch Nederlân, op in totale busfloat fan likernôch 750.

Qbuzz nûmeret syn fiertugen op basis fan de konsesje dêr't se foar besteld binne. Elk konsesjegebiet hat in eigen tûzental. 0XXX wurdt brûkt foar alle konsesjes, 1XXX waard oant en mei 2012 brûkt foar Rotterdam en sûnt 2024 foar Fryslân, 2XXX waard oant en mei 2016 brûkt foar Súdeast-Fryslân en sûnt 2024 foar tydlik materieel, 3XXX waard oant ein 2019 brûkt foar Grins/Drinte, 4XXX foar de Regio Utert, 5XXX foar de fan Connexxion oernommen trams yn de Regio Utert, 6XXX foar DMG, 7XXX foar Grins/Drinte fan 2019 ôf en 8XXX foar Súd-Hollân Noard.

Searje Oantal Oantal yn tsjinst Type Boujier Gebiet fan ynset Reaksjes Byld
(4)01-(4)10 10 0 Volvo 8700 2008 Súdeast-Fryslân Yn Súdeast-Fryslân waard fan 14 desimber 2008 oant en mei 13 desimber 2009 in tsiental nije Poalske Volvo 8700-bussen hierd fan buskeapman Womy yn ôfwachting fan de MAN-ierdgasbussen. De bussen bleaunen hjirnei yn Nederlân: Se waarden fan begjin 2010 ôf hierd troch Novio foar ynset by Breng yn Nimwegen en sûnt begjin 2013 ride se by Connexxion en dêrnei OV Regio IJsselmond yn IJsselmond.  
610, 652, 676 3 0 Berkhof Duvedec Rotterdam e.o. As reservefloat hie Qbuzz yn de begjinperioade foar Rotterdam in oantal eardere RET-bussen fan it type Den Oudsten Alliance B95 ta beskikking út de searje 801-835 út 1996/1997. Dit wie benammen om't de nije bussen noch gjin OV-chipkaartlêzers yn ynboud hiene. Ek rieden hjir in skoftke trije Volvo B10B-55/Berkhof Duvedec-bussen út 1992/1993.
801, 802, 804-807, 809-811, 813, 816, 818-820, 822, 823, 825-827, 829-834 21 0 Den Oudsten B96
1001-1100

incompleet
100 0 MAN Lion's City TÜ (A78) 2008 Rotterdam e.o. Op grûn fan de konsesjebetingsten mochten de bussen net yn de Qbuzz-hûsstyl ride. Wol hiene se in pear stripen yn de hûsstylkleuren oan de sydkant. De 1057 ûntbrekt. De searje rûn oarspronklik oant en mei 1100, mar in oantal weinen is nea troch Qbuzz ôfnommen. De 1091, 1093 en 1099 rieden earst wol yn Rotterdam, mar ferhuzen per jannewaris 2011 nei Súdeast-Fryslân. De 1093 is letter ferlern gien troch in brân yn Easterwâlde. De 1091 en 1099 binne yn desimber 2012 nei de dealer weromgien en letter oernommen troch Veolia Transport. 1092 en 1094 ride by Drenthe Tours yn de read/grize kleurstelling fan it OV-buro Grins Drinte, dizze bussen wurde ynset op line 33 tusken Hoogeveen en Coevorden en ride yn opdracht fan taksybedriuw De Vier Gewesten yn de konsesje Lytsskalich OV Grins-Drinte. 1057, 1095, 1096, 1097 rieden by Besseling Tours as 301-304, dy't yn Syntus Gelderlân hûsstyl rieden om't dizze yn de konsesje Veluwe ynset binne. 1098 is nea yn tsjinst kommen en is yn jannewaris 2012 nei Dútslân eksportearre (yn tsjinst by DB Oberbayern). De 1100 hat by Connexxion riden en is ek út tsjinst. Alle bussen (1001-1056, 1058-1090) binne per 9 desimber 2012 oernommen troch de RET. De 1031 gie yn 2020 oer as museumbus nei RoMeO yn Qbuzz- of RET-útfiering brocht.  
1001-1054 54 54 Iveco Bus Crossway LE 10.8 m 2024 Fryslân  
1039 1 0 Optare Solo SR 2013 Bestuur Regio Utrecht (U-OV) (lijn 2) Diesel minibus, waard tydlik brûkt foar line 2.  
1075-1077 3 3 BYD K7U 2018 Fryslân Ex-Connexxion 7556, 7569 en 7561
1151-1157 7 7 BYD K9 2013 Fryslân Ex Arriva 3001-3006 en 139
1301-1306 6 6 VDL Citea SLFA-180 electric 2018 Fryslân Ex Arriva 8621-8626
1401-1508 108 108 Iveco Bus Crossway LE 13 m 2024 Fryslân  
1651-1687 37 37 Iveco Bus Crossway Pro NF 13 m 2024 Fryslân (Qliner)  
1901-1917 17 17 Altas Cityline 2024 Fryslân  
1921-1924 4 4 Tribus Civitas 2019 Fryslân Ex Pouw Vervoer/Syntus Utrecht 134-137
1925-1931 7 7 Tribus Civitas 2024 Fryslân
2001-2041

serie incompleet
41 0 MAN Lion's City TÜ (A78) 2008 Súdeast-Fryslân De Fryske bussen wiene te werkennen oan de hússtyl fan Qbuzz ynklusyf pompeblêden. De 2026 is fanwegen skea ûnder de ymport noait by Qbuzz yn tsjinst kommen (waard dêrnei reparearre en ried fan ein 2012 ôf in skoft as Arriva Touring 276). Op 24 novimber 2011 binne troch in brân by de remise fan Qbuzz yn Easterwâlde de 2012, 2017 en 2035 ferlern gien. De 2010 ried op 6 jannewaris 2014 by Nij Beets tsjin in beam en is retour gien nei MAN (bus is net reparearre). Op 8 desimber 2016 rekke de 2030 belutsen by in ûngelok tichtby Burgum. Ek dizze is ûnherstelber skansearre rekke. Nei ôfrin binne alle oerbleaune bussen eksportearre.  
2042-2048 7 0 MAN Lion's Regio C (R14) 2008 Súdeast-Fryslân Waarden oant 9 desimber 2012 ynset op de Qliners en wiene ynrjochte as T100-bus. It fjouwerjierrige leasekontrakt waard nei ôfrin net ferlinge. De bussen binne nei MAN weromstjoerd en binne yn april 2013 ferkocht oan ûnder oare Gebo Tours en Smit Reizen. Op de Fryske Qliners fan Qbuzz waarden sûnt dy tiid bussen út de 36xx-searje ynset.  
2050-2056 7 0 MAN Lion's City CNG (A21) 2009 Súdeast-Fryslân Nei ôfrin fan de konsesje binne dizze bussen eksportearre.  
2101-2104 4 0 Den Oudsten Alliance 1999 Súdeast-Fryslân Fan maaie oant en mei desimber 2010 hie Qbuzz de beskikking oer fjouwer Den Oudsten Alliance-bussen. Dizze bussen waarden hierd fan buskeapman Womy en wiene bedoeld foar de skoalrûtes yn Súdeast Fryslân. 2101 = eks-Connexxion 2552, 2102 = eks-Connexxion 2537, 2103 = eks-Connexxion 2460 en 2104 = eks-Connexxion 2539. De bussen wiene om ferkeaptechnyske redenen troch Womy giel spuite en foarsjoen fan stuollen út in Hermes-bus. Dizze bussen binne yn jannewaris 2011 eksportearre nei Tuzla yn Bosnje-Hertsegovina.  
2601-2607 7 0 Mercedes-Benz Intouro 2015 Súdeast-Fryslân (linen120 en 121) Sûnt 11 desimber 2016 rydt dizze searje foar Arriva as 7541-7547.  
2601-2603 3 3 Scania Citywide LFA 2015 Súd-Hollân Noard (KeukenhofBuzz) Eks BVG Berlin 4463, 4497, 4500.
2710-2711 2 2 Volvo 7900A Hybrid 2015 Súd-Hollân Noard Eks-Volánbusz MYK-3xx
2715-2719 5 5 2014 Súd-Hollân Noard (KeukenhofBuzz) Eks-Hamburger Hochbahn 7473, 7474, 7476, 7483, 7484.
3001-3020 20 0 Mercedes-Benz Citaro (O530) 2009 Grins/Drinte (stêd) 3004 en 3009 binne útbaarnd. 3011 en 3014 rieden op stedsstsjinst Assen.  
3021-3025 6 0 Mercedes-Benz Citaro (O530) 2010 Grins/Drinte (stêd) 3025 baarnde op 6 augustus 2019 foar in part út by P+R Hoogkerk.  
3026-3027 2 0 Ebusco 2.1[38] 2017 Grins/Drinte (streek)  
3028-3029 2 0 Van Hool newA330FC 2013 (in gebruik sinds 2017) Grins/Drinte Eks Riviera Trasporti San Remo, waarden ynset fanút Appingedam.  
3030-3033 4 0 Mercedes-Benz Citaro C2 Compact Hybrid 2017 Grins/Drinte (stêdstsjinst Emmen) Hybride bussen.  
3050-3079 30 0 Mercedes-Benz Citaro (O530G) 2009/2010 Grins/Drinte (stadsdiensten en Qlink), Regio Utrecht (streeklijnen en U-link)
  • 3050, 3051, 3052, 3056, 3057, 3058, 3063, 3068 en 3075 yn Q-link-pears hússtyl.
  • 3062, 3067, 3071 en 3072 yn Q-link-read hússtyl.
  • 3052, 3062, 3068 en 3097 rieden oant nei 2019 yn Grins-Drinte.
  • 3053, 3054, 3073, 3077 en 3079 rieden yn Utert.
  • 3055, 3061, 3064 en 3070 ferkocht oan Arriva Brabant.
  • 3059, 3065, 3069 en 3076 binne eksportearre.
 

 
3090-3097 8 0 Mercedes-Benz Citaro (O530G) 2009/2010 Grins/Drinte (P+R Citybus) 3096 en 3097 yn Q-link pears hússtyl. 3090-3095 per 1 maart 2014 en 3096 yn 2020 werom nei Evobus.  
3100-3326 227 20 Mercedes-Benz Citaro (O530LE) 2009/2010 Grins/Drinte (streek), DMG De 3301-3309 en 3132 rieden yn Fryslân (mei pompeblêden). De 3284 is útbaarnd. De 3165, 3184, 3209, 3210, 3222-3226, 3228, 3229, 3230, 3232, 3261, 3267, 3272, 3276, 3292, 3295 en de 3296 binne tusken febrewaris en april 2013 eksportearre. Fan desimber 2013 oant maart 2014 rieden de 3211, 3212, 3214 en 3219 yn Utert op line 4. Dizze bussen bleaunen yn de konsesje Regio Utert fanwegen materieeltekoart dêr, en binne ynset op de streektsjinst en omstickere. Hjir troch kamen fjouwer Ambassadors op de stêdstsjinst te riden. Yn jannewaris 2014 waarden de 3107, 3131, 3132, 3248, 3252, 3259, 3263, 3266, 3269, 3273 en 3275 ôffierd. De 3114, 3116, 3195, 3198, 3201, 3202, 3205 en 3316 rieden yn de konsesje Regio Utert. De 3246 en 3247 rieden op Airportlink line 100 yn in spesjale hússtyl. De 3165 is yn 2019 útbaarnd. De 3122, 3129, 3144, 3201, 3207, 3213, 3241-3243 rieden yn de Drechtsteden. De 3133, 3142, 3145, 3147, 3151, 3160, 3168, 3187, 3211, 3219, 3231, 3236-3238, 3279, 3282, 3287, 3315, 3319, 3322 ride anno maaie 2024 noch yn Grins-Drinte.  
3153 1 0 MAN Caetano 2004 Rotterdam e.o. Ried tydlik yn Rotterdam fanwege it feit dat de nije bussen noch gjin OV-chipkaartlêzers ynstallearre hiene. Eks-Connexxion 3153.
3327-3368 42 41 Mercedes-Benz Citaro 2 LE 2016 Grins/Drinte (streek), Regio Utrecht (U-OV) Ha yntusken in griis/giel uterlik foar de nije konsesje. De 3329, 3330 en 3333 hawwe yn septimber 2022 tydlik yn Utert riden. Sûnt febrewaris 2023 ride de 3330, 3332 en 3333 definityf yn Utert, letter yn 2023 kamen ek de 3327-3329, 3331, 3334, 3336-3345, 3351-3353 yn Utert ride.  
3400-3408 9 9 Mercedes-Benz CapaCity (O530GL) 2013 Grins/Drinte (Q-link 15) Ekstra lange keppelbussen foar de stêd. Dizze bussen hawwe ûnder oare in spesjale hússtyl (sulver/swart/oranje) en in lúkser ynterieur.  
3409-3412 4 4 Mercedes-Benz CapaCity L 2017 Grins/Drinte (eerst Q-link 3, nu Q-link 6) Ekstra lange stedbus. Dizze bussen hawwe ûnder oare in spesjale hússtyl (earst sulver/swart/blau, dêrnei sulver/swart/pears) en in lúkser ynterieur.  
3420-3447 28 28 Mercedes-Benz Citaro 2 G 2013 Regio Utrecht (U-OV) (U-links 34, 73 en 77), Groningen/Drenthe (Q-link) Dizze bussen rieden earst yn de Q-link hússtyl: 3420-3423 yn Q-link-grien (ferhuzen net nei Utert, mar bleaunen yn neutrale Q-link kleur yn GD), 3424-3447 yn Q-link-blau (ferhuzen wol nei Utert).  
3448-3462 15 15 Mercedes-Benz Citaro 2 G 2016 Grins/Drinte (Q-links 5 en 6, streek), Fryslân Dizze bussen hawwe ûnder mear in spesjale hússtyl (sulver/swart/pear) en in lúkser ynterieur. 3448-3451 krigen begjin 2021 de GD-streek hússtyl. 3452-3455 folgen yn 2022. De 3448-3453 ride sûnt 15 desimber 2024 yn Fryslân.  
3471-3480 10 10 VDL Citea SLFA-181 BRT electric 2017 Grins/Drinte (Q-links 1 en 2) Dizze elektryske bussen hawwe ûnder oare in spesjale hûsstyl (sulver/swart/grien) en in lúkser ynterieur.  
3490-3492 3 0 Hess lighTram 2014 (bouwjaar 2012) Grins/Drinte (Q-link 11) Gienen per 7 july 2016 nei Utert as 4218-4220.  
3500-3523 24 0 Mercedes-Benz Citaro (O530G) 2009/2010 Grins/Drinte (streek), Regio Utrecht (U-OV) Inkele bussen rieden yn 2020 en 2021 tydlik yn Utert. Dêrfan bleaunen de 3504-3513, 3515 en 3517-3523 oant en mei 2024 yn Utert mei de U-OV-hússtyl, se kinne lykwols noch wol ynset wurde by wurksumheden oan it tramtrajekt. De 3500, 3520 en 3521 binne eksportearre.  
3600-3640 41 0 Mercedes-Benz Integro 2009/2010 Grins/Drinte (Qliner), Zuidoost-Fryslân (Qliner) Foar de Qliner hierde Qbuzz yn it begjin fersterkingsbussen yn fan TCR (74 oant en mei 77) en Drenthe Tours. De 3600 is yn de simmerfakânsje fan 2014 troch in partikulier hierd fan EvoBus foar treinferfangend ferfier. 3601, 3603, 3604, 3608 oant en mei 3625 en 3627 oant en mei 3630 waarden yn 2014 oerstallich nei de ynstream fan nije bussen en binne eksportearre.  
3650-3675 26 11 Mercedes-Benz Integro L 2014 Grins/Drinte & Fryslân (Qliner), DMG (snelBuzz) 3657, 3661 en 3664 rieden oant 2023 yn DMG. 3660, 3667, 3668, 3670 en 3673 ride yn Fryslân.  
3691-3695 5 5 Van Hool TDX27 Astromega 2017 Grins/Drinte (Qliner) Dit binne de earste dûbeldekkers dy't op de Nederlânske linetsjinst ynset binne. Se ride sûnt 1 novimber 2017.  
3701-3724 24 0 Mercedes-Benz Citaro (O530Ü) 2001 Grins/Drinte Yn Grins en Drinte kaam men yn de begjinperioade bussen tekoart. Dêrom waarden der tydlik 24 bussen hierd. Dit wiene eks BBA/Veolia 636-644, 646-658, 660 en ien eks Juijn Rossum. De bussen rieden sa no en dan ek op de linen yn Súdeast-Fryslân.  
3800-3803 4 0 Mercedes-Benz Sprinter 2009 Grins/Drinte Achtpersoonsbus foar personielsferfier yn Grins. 3800 waard ein 2011 tydlik ynset as buertbus yn Easterwâlde.  
3880-3885 6 0 Mercedes-Benz Sprinter City 2014 Grins/Drinte Rieden yn de regio Winschoten en in bus waard yn Leek ynset. Rieden fan desimber 2016 oant 1 july 2017 by Syntus Utert. De 3881, 3884 en 3885 binne dêrnei nei Utert gien as 4370-4372. De 3880, 3882 en 3883 binne nei Arriva yn Leien gien.  
4001-4066 66 65 Mercedes-Benz Citaro 2 2013 Regio Utrecht (U-OV) De 4033 is yn de nacht fan 13 jannewaris 2023 ôfbaarnd. De 4001-4016 ride by Pouw Vervoer. De 4066 rydt yn U-link hússtyl.  
4101-4166 66 65 Mercedes-Benz Citaro 2 G 2013 Regio Utrecht (U-OV) De 4150-4155 ride by Pouw Vervoer. De 4157-4166 ride yn U-link hússtyl. De 4109 is begjin 2022 sloopt.  
4167-4172 6 5 Mercedes-Benz Citaro 2 G 2014 Regio Utrecht (U-OV) (U-link) De 4171 is yn de nacht fan 13 jannewaris 2023 ôfbaarnd.  
4173-4176 4 4 Mercedes-Benz Citaro 2 G 2015 Regio Utrecht (U-OV) (U-link)  
4201-4217 17 7 Van Hool newAGG300 2014 Regio Utrecht (U-OV) (U-link 28) De 4201, 4204, 4206, 4208 - 4211, 4213, 4214 en 4217 binne yn de nacht fan 13 jannewaris 2023 ôfbaarnd.  
4218-4220 3 0 Hess lighTram 2012 Regio Utrecht (U-OV) (U-link 28) Hybride dûbelledige bussen. Rieden earst yn de konsesje GD as 3490-3492 (binne sûnt 2022 net mear yn tsjinst).  
4221-4230 10 10 Mercedes-Benz CapaCity L 2017 Regio Utrecht (U-OV) (U-link 28) Oernommen fan Connexxion (earder 9341, 9345, 9349, 9351-9353, 9355, 9356, 9360, 9361).  
4251-4270 20 0 Van Hool newAGG300 2002-2004 Regio Utrecht (U-OV) Hierd fan GVU. Tydlik yn tsjinst oant de nije dûbelgeledingsbussen ynstreamd wiene. Waarden fan wike 7 yn 2014 ôf alle wiken ien foar ien ferfongen mei de ynstream fan de nije dûbelgeledingsbussen (eks GVU 4908-4927 en droegen noch de GVU-hússtyl, mei logo's fan U-OV). Trije bussen waarden oant juny 2014 tydlik om Grins hinne brûkt foar ynstruksjeritten foar de nije Hess lighTrams.  
4301-4303 3 0 Optare Solo EV 2013 Regio Utrecht (U-OV) (lijn 2) Folslein elektryske minibuskes (út tsjinst en ôffierd).  
4304 1 0 Heuliez GX 127 2010 Regio Utrecht (U-OV) (lijn 2) Tydlike bus yn ôfwachting fan nije elektryske bussen.
4305 1 0 Heuliez GX 127 2012 Regio Utrecht (U-OV) (lijn 2) Tydlike bus yn ôfwachting fan nije elektryske bussen.  
4306 1 0 Heuliez GX 137 2014 Regio Utrecht (U-OV) (lijn 2) Tydlike bus yn ôfwachting fan nije elektryske bussen.
4307-4309 3 3 Iveco E-way 10.7 2021 Regio Utrecht (U-OV) (lijn 2) Folslein elektryske minibuskes  
4320-4332 13 12 Altas Cityline 2018 Regio Utrecht (U-OV) Dizze searje rydt by Pouw Vervoer foar Qbuzz. De 4324 is eksportearre.  
4351-4360 10 0 Mercedes-Benz Sprinter 2013 Regio Utrecht (U-OV) Ride sûnt 2014 yn de lintsjinst. Dizze searje wie eigendom fan Connexxion Taxi Services. De 4356 is troch Pouw Vervoer oernommen.  
4361-4362 2 0 Mercedes-Benz Sprinter City 2011 Regio Utrecht (U-OV) Dizze bussen wiene reserve foar line 2. Eardere Connexxion Taxi Services 46676 en 46677.  
4363 1 0 2014 Regio Utrecht (U-OV)  
4370-4372 3 0 2014 Regio Utrecht (U-OV) (lijn 2), DMG (stadsBuzz lijnen 1 (Gorinchem) en 10 (Drechtsteden)) Earder Syntus 1161, 1163 en 1164, dêrfoar Grins-Drinte 3881, 3884 en 3885.  
4373-4375 3 0 Mercedes-Benz Citaro G 2004 Regio Utrecht (U-OV) Eks-Connexxion 9127, 9133, 9136.  
4376-4381 6 0 2004 Regio Utrecht (U-OV) (eerst lijnen 12 en 18, daarna tramvervangend vervoer) Dizze searje ried by Pouw Vervoer foar Qbuzz.  
4385-4387 3 2 Tribus Civitas Economy 2019 Regio Utrecht (U-OV) Pouw Vervoer ried/riidt dizze searje foar Qbuzz. De 4385 is nei Next gien as 1178, dy't dêr yn opdracht fan Connexxion rydt.  
4401-4531 131 0 VDL Berkhof Ambassador ALE120 2008 Regio Utrecht (U-OV) Oernommen fan Connexxion (earder 3159-3289). De 4404 is yn 2020 útbaarnd.  
4413 1 0 Volvo 7900 Hybrid 2016 Zuid-Holland Noord (streekBuzz) Eks Arriva 7299  
4551-4561 11 10 Mercedes-Benz Citaro (O530G) 2008 Regio Utrecht (U-OV) Oernommen fan Connexxion (earder 9228-9238). 4558 is yn 2019 útbaarnd.  
4601-4610 10 10 Ebusco 2.1 2017 Regio Utrecht (U-OV) (lijn 1)  
4611 1 1 Ebusco 2.0 2017 Regio Utrecht (U-OV) (lijn 1) Ekstra bus foar line 1 sûnt maaie 2019.  
4650-4669 20 20 Ebusco 2.2 LE 2019 Regio Utrecht (U-OV) (U-links 34 en 50)  
4701-4715 15 15 Setra S 418 LE Business 2019 Regio Utrecht (U-OV) (U-links 41 en 50)  
4801-4835 35 35 Heuliez GX 437 ELEC Linium 2020 Regio Utrecht (U-OV) (lijnen 3, 7 en 8)  
6101-6139 39 37 Ebusco 2.2 LF 2018 DMG (stadsBuzz Drechtsteden) De 6138 en 6139 binne nei München gien as 4011 en 4012. De 6138/4011 kearde yn 2024 werom nei Nederlân yn RMV/Traffiq-kleuren, om in jier letter by Connexxion te riden as 2098.  
D6101-D6135 35 0 MAN Lion's City TÜ (A78) 2007 DMG (stadsBuzz Drechtsteden) Dizze eardere Connexxion-bussen út de searje 3813-3941 út 2007, dy't earder yn Amstelland-Meerlanden rieden, wiene tydlik foar de stedsstsjinst fan Doardt en R-net oant de Ebusco's ynstreamd binne.  
6146-6148 3 3 BYD K7U 2018 DMG (streekBuzz) Eks-Connexxion 7551, 7562 en 7553
6151-6156 6 3 Rošero First (elektrisch) 2017/2018 DMG (stadsBuzz Drechtsteden lijn 10) 6151-6153 binne eks-Arriva 6091-6093.  
6161-6162 2 0 VDL Citea LLE 99-E 2017 DMG (stadsBuzz Gorinchem) Eks-Arriva 9641 en 9642.  
6163-6171 9 0 Volvo 7700 2011 DMG (stadsBuzz Drechtsteden) Tydlike bussen as ferfanging foar noch net ynstreamde Ebusco's. Earder fan Arriva.  
6201-6222 22 22 Scania-Higer A30 2018 DMG (snelBuzz)  
6301-6328 28 28 Iveco Bus Crossway LE 13 m 2018 DMG (R-net) TCR ried mei de 6319-6328 oant 2020 foar Qbuzz.  
6329, 6340 2 1 2019 DMG (R-net) TCR hat mei de 6329 riden foar Qbuzz.
6401-6416 16 16 2018 DMG (snelBuzz/R-net) 401-6412 binne tusken 2020 en 2022 yn R-net hússtyl brocht.  
6501-6522 22 22 DMG (streekBuzz/R-net) 6501-6509 binne yn 2022 yn R-net hússtyl brocht.  
6601-6610 10 10 Rošero First (diesel) 2018 DMG (streekBuzz) Oant 3 jannewaris 2021 ried Juijn mei dizze bussen foar Qbuzz.  
6651-6656 6 0 Tribus Civitas 2018 DMG (stêd + streekBuzz) Juijn riede mei dizze bussen foar Qbuzz.  
6657-6664 8 8 2018 DMG (buurtBuzz), Regio Utrecht (lijn 565) Allinne de 6664 rydt yn de regio Utert.  
6681-6683 3 3 2019 DMG (streekBuzz) Eks-Syntus Twente 322, 326 en 328
6684-6689 6 6 2018 DMG (streekBuzz), Regio Utrecht (lijn 565) Eks-Syntus Twente 316-321, allinnich de 6684 rydt yn de regio Utert.
7001-7032 32 32 VDL Citea SLF-120 electric 2019 Grins/Drinte (stêd), Fryslân 7029-7032 ride op de Waadeilannen.  
7050-7060 11 11 VDL Citea SLFA-180 electric 2019 Grins/Drinte (stêd)  
7101-7124 24 24 Mercedes-Benz Citaro 2 LE 2019 Grins/Drinte (streek)  
7201-7230 30 30 Van Hool newA330FC 2020 Grins/Drinte (streek)  
7301-7360 60 60 Ebusco 2.2 LE 2019 Grins/Drinte (streek)  
7401-7449 49 49 Heuliez GX 437 ELEC Linium 2019 Grins/Drinte (Q-links 3 t/m 6) Oarspronklik wiene der 59 fan dizze bussen besteld.  
7468-7477 10 10 Mercedes-Benz eCitaro G 2024 Grins/Drinte (Q-link 15) In neutrale kleurstelling fan Q-link mei de kleuren fan alle linen.
7501-7522 22 22 Mercedes-Benz Citaro 2 G 2019 Grins/Drinte (streek)  
7523-7547 25 25 Mercedes-Benz eCitaro G 2024 Grins/Drinte In nije giele/ljochtgrize hússtyl (sûnder ûnderskie tusken stêd en plattelân).
7601-7649 49 49 Setra S 419 UL 2019 Grins/Drinte & Fryslân (Qliner) 7607-7620 ride yn Fryslân.  
7651-7661 11 11 MAN Lion's City L LE 2017 Grins/Drinte (Qliner) Tydlike bussen ôfkomstich fan Bliva Buss út Sweden.
7662-7666 5 5 Volvo 8900 BLE 2018 Grins/Drinte (Qliner) Tydlike bussen ôfkomstich fan Bliva Buss út Sweden.
7667 1 1 Volvo 8900 LE 2018 Grins/Drinte (Qliner) Tydlike bussen ôfkomstich fan Bliva Buss út Sweden.
7684-7687 4 4 Van Hool TDX27 Astromega 2019 Grins/Drinte (Qliner)  
7901-7923 23 13 Tribus Civitas 2019 Grins/Drinte (streek) Dizze searje rydt Taxi Dorenbos foar Qbuzz. De 7905, 7907, 7908-7910, 7911, 7915, 7918, 7920 en 7923 binne fernûmere nei 8905, 8906, 8907, 8904, 8909, 8908, 8902, 8903, 8910 en 8901 (yn dy folchoarder).  
8001-8015 15 15 Iveco E-way 10.7 2024 Súd-Hollân Noard (stadsBuzz Alphen aan den Rijn en Gouda)  
8051-8073 23 23 Iveco E-way 12 2024 Súd-Hollân Noard (stadsBuzz Leiden)  
8100-8122 23 23 Volvo 7900 Electric 2019 Súd-Hollân Noard (streekBuzz) Oernommen fan Arriva (earder 4801-4823), rieden op de stedsstsjinst fan Leien.  
8123-8150 28 28 VDL Citea LLE-120 2016 Súd-Hollân Noard (snelBuzz, streekBuzz en R-net) Komt út Yslân (Kynnisferðir Reykjavik). Tydlike bussen yn ôfwachting fan de ynstream fan Yutong-bussen.

R-net: 8123-8125, 8128, 8130, 8131

snelBuzz: 8127, 8129, 8132-8150

streekBuzz: 8126

 
8151-8179 29 23 VDL Citea LLE-120 2015 Súd-Hollân Noard (streekBuzz) Komt út Dútslân (BVG Berlyn). Tydlike bussen yn ôfwachting fan genôch stroom foar elektryske bussen.  
8201-8302 102 102 Iveco Bus Crossway LE ELEC 12 m 2024 Súd-Hollân Noard (streekBuzz)[39]  
8351-8362 12 12 Volvo 7900 Hybrid 2014 Súd-Hollân Noard (streekBuzz) Komt út Noarwegen (VyBuss)  
8701-8750 50 50 Yutong U15 2024 Súd-Hollân Noard (R-net)  
8901-8910 10 10 Tribus Civitas 2019 Súd-Hollân Noard (buurtBuzz en flexBuzz) Eks-Qbuzz GD 7923, 7915, 7918, 7909, 7905, 7907, 7908, 7911, 7910 en 7920.  
8911, 8912 2 2 Tribus Civitas 2017 Súd-Hollân Noard (buurtBuzz) Eks-Syntus Twente 312 en 313
9991 1 0 Ebusco 2.0 2016 Grins/Drinte (Airportlink 100) Demobus  
9992 1 0 Ebusco 2.0[38] 2017 Grins/Drinte (Airportlink 100) Demobus  
Geen 4 0 Volkswagen Crafter Volt 2008 Súdeast-Fryslân (buertbus) Waarden oant 21 desimber 2013 ynset op de fjouwer buertbuslinen. Wiene oan ferfanging ta fanwege de hege kilometerstân. Inkelde bussen út dizze searje rieden yn Grins en Drinte.  
Geen 4 0 Mercedes-Benz Sprinter 2013 Súdeast-Fryslân (buertbus)  
n.n.b. 3 0 Scania Citywide LFA 2015 Súd-Hollân Noard Ex-BVG 4497, 4498, 4500

It iepenbier ferfier yn Grins en Drinte (earder bekend as lytsskalich iepenbier ferfier) is troch OV-buro Grins Drinte apart oanbestege en oan oare bedriuwen gund.

Trammateriaal

bewurkje seksje

Njonken de bussen dy't Qbuzz fan Connexxion en GVU oernaam foar de konsesje Regio Utert, ried Qbuzz ek mei de 26 Switserske trams. De trams wiene eigendom fan it Bestjoer Regio Utert, dy't ek it ûnderhâld oan dizze trams útfierde. Qbuzz levere allinnich trambestjoerders. De trams binne tusken 2010 en 2013 yn- en útwindich renovearre. Tusken 2019 en 2021 waarden dizze trams ferfongen troch Spaanske leechflierstrams. Dit kaam mei troch de âldens fan de Switserske trams en om't dizze trams in hege flier hiene en der foar de útwreiding fan it tramnetwurk leechflierstrams winske wiene troch it BRU.

Searje Totaal oantal Oantal yn tsjinst Type Bouwjier Konsesje Komôf Oanmerkings Byld
5001-5027 27 0 Zwitserse trams 1982-1983 Regio Utrecht Eigendom Bestjoer Regio Utert, letter provinsje Utert Tram 5018 rekke yn 2010 swier skansearre troch in oanriding en waard yn 2013 sloopt. De rest folge yn 2020, allinnich de 5017 bleau bewarre en gie nei it Nederlânsk Transport Museum yn Nij-Vennep.  
6001-6027 27 27 CAF Urbos 100 (5-delig) 2017 Regio Utrecht Eigendom provinsje Utert Tsjinje ta de Uithofline.  
6051-6077 27 27 CAF Urbos 100 (7-delig) 2020 Regio Utrecht Eigendom provinsje Utert Foar de oanpaste SUNIJ-line. Yn it earste plak waarden der 22 trams besteld en yn novimber 2020 waarden der noch 5 ekstra trams besteld.  
4905, 4916, 4925, 4929, 4943, 4947, 4948 7 0 Weense trams E6 Regio Utrecht Weense Stadtbahn Motorreau. Foarmen trijewaainstellen tegearre mei bywaainen. Rieden allinnich as spits-trams. Binne yn july 2014 ôffierd.  
1935, 1937, 1941 3 0 Weense trams C6 Regio Utrecht Weense Stadtbahn Byweinen. Foarmen trijeweinestellen tegearre mei motorweinen. Rieden allinne as spits-trams. Binne yn july 2014 ôffierd.  

Treinapparatuer

bewurkje seksje
 
De âlde MerwedeLingelijn treinen
 
In Stadler GTW yn 'e âlde en nije kleuren

Op 9 desimber 2018 naam Qbuzz de MerwedeLingelijn oer fan Arriva. Qbuzz naam de tsien besteande treinstellen oer dy't ride ûnder de R-net formule. Yn 2019 en 2020 binne de treinen ûnder oare foarsjoen fan nije stuollen, USB-oanslútingen, nije ynformaasjeskermen en is de bûtenkant foarsjoen fan R-net kleuren. De nammen fan bekende persoanen yn de omkriten fan de MerwedeLingelijn binne by de fernijing fuorthelle. It is net bekend oft dizze nammen weromkomme.

Qbuzz bestelnûmer Ex Arriva setnûmer Namme (by Arriva) Type Konsesje Oanmerkings
6350 10 407 Frank Wels Stadler GTW-EMU 2/6 DMG / MerwedeLingelijn
6351 10 408 Trijntje
6352 10 501 Ronald Bandell Stadler GTW-EMU 2/8 DMG / MerwedeLingelijn De earste treinset dy't yn Nederlân oankomt.
6353 10 502 Baron fan Ferschuer
6354 10 503 Adrian Volker
6355 10 504 Ida Gerhardt
6356 10 505 Andries Dirk Kopier
6357 10 506 Maarten Schakel
6358 10 509 Jan van Arkel
6359 10 510 Hendrik Hamel
  1. Qbuzz moest van de weg, Telegraaf 13 december 2008
  2. Qbuzz wil kwart van de busmarkt, Nu.nl, 7 november 2008
  3. Rapportage Onderzoek Deloitte naar Kruissubsidiëring NS, pagina 23, Rijksoverheid.nl
  4. NS wil Qbuzz, RTV Utrecht.nl, 13 maart 2013
  5. Nieuwe directeur Qbuzz moet imago herstellen
  6. 6,0 6,1 6,2 OV Pro.nl NS-dochter Qbuzz mogelijk in handen van Franse spoorwegen’, 5 augustus 2015, raadplege op 6 augustus 2015
  7. Qbuzz zelfstandig verder met Busitalia, 13 juli 2017
  8. Artikels dy't al pleatst binne yn DvhN, 2009
  9. Qbuzz en Arriva tegenover elkaar in rechtszaak, RTV Noord, 21 aug 2009
  10. Qbuzz doet aanval op Noordelijke markt, De Telegraaf, 12 december 2009
  11. Qbuzz blijft nog twee jaar langer rijden
  12. Qbuzz mag busconcessie Groningen-Drenthe voortzetten Publisearre op 12-07-2018 om 17:20
  13. Dubbelgelede bussen op nieuwe Q-link lijn 11
  14. Qbuzz plaatst reuzenorder e-bussen in Brabant
  15. Record in Europa: Qbuzz koopt 160 elektrische bussen, Ophelle 2021-03-21
  16. Twintig nieuwe waterstofbussen in Groningen en Drenthe, Ophelle 2021-03-21
  17. De tien bussen op waterstof voor Emmen zijn besteld, RTV Drenthe, 2021-03-21
  18. Qbuzz Zuid-Holland Noord - Definitief Vervoerplan 2025 - Juni 2024 - provincie Zuid-Holland - OV-concessie Qbuzz - 10 juli 2024
  19. https://zhn.qbuzz.nl/ditmoetjeweten
  20. nieuwe concessies, Provincie Utrecht
  21. Voorzieningenrechter schorst besluit concessie, BRU 4 februari 2011
  22. Qbuzz nieuwe vervoerder regio Utrecht, BRU 29 augustus 2011
  23. Connexxion naar rechter over aanbesteding
  24. Rechter: BRU moet Connexxion nieuwe kans geven RTV Utrecht 3 november 2011
  25. Qbuzz mag toch ov Utrecht verzorgen Nu.nl (8 oktober 2012)
  26. Bezwaren tegen gunningsbesluit OV ongegrond, Ophelle 14 januari 2013
  27. Connexxion opnieuw naar rechter voor busvervoer
  28. Gunning van de concessie openbaar vervoer Regio Utrecht aan Qbuzz blijft in stand, 2 maaie 2013
  29. Arriva verliest concessie Drechtsteden met MerwedeLingelijn aan Qbuzz Publisearre op 10 jannewaris 2018 om 16:17 oere
  30. Vanaf eind 2018 verzorgt Qbuzz openbaar vervoer in Drechtsteden-Alblasserwaard-Vijfheerenlanden Gepubliceerd op 21 februari 2018
  31. https://www.ad.nl/dordrecht/definitief-nieuwe-treinen-met-toiletten-op-merwedelingelijn-ondanks-kritiek-op-qbuzz~a7bc1360/
  32. Concessie openbaar vervoer Fryslân 2024-2034
  33. "Qbuzz eind 2024 in Friesland actief". OV-Magazine. Geraadpleegd op 30 april 2025.
  34. 34,0 34,1 "Rechter grijpt niet in bij verlening concessie voor openbaar busvervoer in Friesland aan Qbuzz". Rechtspraak.nl. 3 oktober 2024. Rieplachte op 30 april 2025.
  35. 35,0 35,1 "Rechter slaat concessiediscussie Friesland dood: Qbuzz krijgt vrij baan". Mobiliteit.nl. 3 oktober 2024. Rieplachte op 30 april 2025.
  36. 36,0 36,1 36,2 36,3 36,4 36,5 36,6 36,7 "Concessie Fryslân: stand van zaken na vier maanden Qbuzz". CNV. 7 april 2025. Rieplachte op 30 april 2025.
  37. "Qbuzz: ‘Onze dienstuitvoering is nog niet in orde en dat betreuren we enorm’". Brekt. Rieplachte op 30 april 2025.
  38. 38,0 38,1 Fabrikant: Golden Dragon.
  39. Nieuwe bussen Zuid-Holland Noord