Rykswei 7
De Rykswei 7, ek A7, is in autosneldyk (A7) en autowei (N7) fan Saandam oer de Ofslútdyk nei de Dútske grins. De Ryskwei A7 is, útsein it part tusken Saandam en it Knooppunt Saandam, ûnderdiel fan de E22. Mei likernôch 236 kilometer langte is de A7 de langste rykswei fan Nederlân. Yn syn hjoeddeistige foarm mei skate rydbanen oer it grutste part fan it trasee waard de A7 fierhinne oanlein yn 1975.
A7 | |
---|---|
Langte: | 230,2 km |
Kaart | |
Rin
bewurkje seksjeDe A7 begjint by it Knooppunt Saandam dêr't er fuortkomt út de N7 en oanslút op de A8. Dêrwei rint er oer Purmerein, Hoarn, troch de Wieringermar, by Den Oever lâns oer de Ofslútdyk hinne. By Surch leit om ôfslach 15 hinne it Knooppunt Surch mei ferbining mei de A31 nei Harns en Ljouwert. Dêrnei rint er oer Boalsert nei Snits ta. By Snits slút de A7 oan op de N7 dy't dêr om de stêd hinne giet en foarmet er in part fan de Ring Snits. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer. By De Jouwer, tusken ôfslach 23 en 25, leit it Knooppunt De Jouwer mei oansluting op de A6 nei Emmeloard. By It Hearrenfean leit tusken ôfslach 26 en 26a it Knooppunt It Hearrenfean, mei ferbining mei de A32, nei Ljouwert en Swol. Dêrnei rint er by Drachten del en de ôfslaggen 30 en 30a foarmje it knooppunt Drachten mei in ferbining mei de N31 nei Ljouwert ta en de N381 nei Easterwâlde en Emmen. Dêrnei rint er by Fryske Peallen en De Like del nei Grins ta. By Grins slút de A7 op Knooppunt Julianaplein, mei ferbining mei de A28 en de N7. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer by it Knooppunt Jeropaplein en rint er oer Hegesân, Wynskoat dan fierder nei Bad Nijeskâns oer de grins hinne dêr't er as Bundesautobahn 280 fierder giet oant Dreieck Bunde, dêr't er oanslút op Bundesautobahn 31, dy't in ferbining fan it Ruhrgebiet mei East-Fryslân foarmet.
Rûteferoaring Saandam
bewurkje seksjeSûnt de maitiid fan 2014 begjint de rykswei 7 by knooppunt Coenplein. Earder wie it Prins Bernhardplein it begjin fan de A7. Al by it nûmerjen fan de ôfritten waard der rekken mei holden dat it earste part fan de A8 dûbel nûmere wurde soe. Dy dûbele nûmering waard dien omreden it lange ôfstânsferkear fan de A10 en A7 gjin ferlet hie om op in koart eintsje lette te moatten op in oar dyknûmer.
Ofslaggen
bewurkje seksjeProvinsje | Gemeente | km. | # | Namme | Diken | Nijsgjirrigens | |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Noard-Hollân | Saanstêd | 0 | Begjin op it Prins Bernhardplein yn Saandam. | ||||
4 | Saandaam | Begjin | |||||
5 | Knooppunt Saandam | A8 | |||||
7 | 2 | Saandyk | Foar Saanske Skâns | ||||
Wormerlân | 11 | 3 | Wijdewormer | ||||
Purmerein | 14 | 4 | Purmerein-Súd | N235 | |||
15 | 5 | Purmerein | |||||
17 | 6 | Purmerein-Noard | N244 | ||||
Koggelân | 29 | 7 | Avenhorn/Hoarn-West | N243, N247 | |||
Hoarn | 32 | 8 | Hoarn | ||||
34 | 9 | Hoarn-Noard | N302 | ||||
Medemblik | 36 | 10 | Wognum | N241 | |||
39 | 10a | Abbekerk | |||||
43 | 11 | Medemblik | N239 | ||||
Hollâns Kroan | 50 | 12 | Middenmeer | N242 | |||
55 | 13 | Wieringerwerf | N240, N248 | ||||
64 | 14 | Den Oever | N99 | ||||
Fryslan | Súdwest-Fryslân | 97 | - | Koarnwertersân | |||
101 | Knooppunt Surch | A31 | |||||
101 | 15 | Surch | |||||
105 | 16 | Wytmarsum | |||||
110 | 17 | Boalsert-Noard | |||||
112 | 18 | Boalsert-East | |||||
115 | 19 | Nijlân | |||||
118 | 20 | Snits-West | |||||
119 | 21 | Snits-Súd | |||||
119 | 21a | Snits-Wâldfeart | |||||
120 | 22 | Snits-East | |||||
Skarsterlân | 133 | 23 | De Jouwer-West | ||||
136 | Knooppunt De Jouwer | A6 | |||||
140 | 25 | Aldehaske | |||||
It Hearrenfean | 142 | 26 | It Hearrenfean-West | ||||
144 | Knooppunt It Hearrenfean | A32 | |||||
147 | 26a | Tsjalbert | |||||
Opsterlân | 152 | 27 | De Gordyk | ||||
158 | 28 | Beetstersweach | |||||
Smellingerlân | 161 | 29 | Drachten-Sintrum | ||||
165 | 30 | Easterwâlde | N381 | ||||
165 | 30a | Drachten | N31 | ||||
Opsterlân | 170 | 31 | Fryske Peallen | N358 | |||
Grinslân | Mearum | 176 | 32 | Marum | |||
180 | 33 | Boerakker | N388 | ||||
De Like | 184 | 34 | De Like | N372 | |||
Grins | 191 | 34a | Westpoort (Grins) | ||||
193 | 35 | Heechtsjerk | N372 | ||||
196 | 36 | Ring Grins-West | N370 | ||||
196 | 36a | Martini-sikehûs | |||||
197 | Julianaplein | A28 | |||||
198 | 37 | Helpman | |||||
198 | 37a | Oosterpoort | |||||
199 | 38 | Jeropaplein | |||||
? | Euvelgunne | N46 | |||||
? | 39 | Engelbert | |||||
Hoogezand-Sappemeer | 213 | 40 | Foxhol | N386 | |||
215 | 41 | Hoogezand | N387 | ||||
218 | 42 | Sappemeer | |||||
Menterwâlde | 222 | 43 | Súdbroek | ||||
224 | 44 | Noardbroek | N33 | ||||
Scheemda | 230 | 45 | Scheemda | N362 | |||
232 | 46 | Hilligerlee | |||||
Wynskoat | 240 | 47 | Wynskoat | N367 | |||
Bellingwedde | 246 | 48 | Aldeskâns | ||||
Reiderlân | 251 | 49 | Bad Nijeskâns | ||||
Akwadukt
bewurkje seksjeBy Snits giet de A7 ûnder it Geau-akwadukt troch, de Prinses Margriettunnel foar it Prinses Margrietkanaal.
Diken yn Fryslân | ||
---|---|---|
Rykswegen: A6 ● A7 ● A31/N31 ● A32/N32 | ||
Provinsjale diken: N351 ● N353 ● N354 ● N355 ● N356 ● N357 ● N358 ● N359 ● N361 ● N369 ● N380 ● N381 ● N383 ● N384 ● N390 ● N392 ● N393 ● N398 ● N910 ● N913 ● N917 ● N918 ● N919 ● N924 ● N927 ● N928 ● N979 ● N981 | ||
Jeropeeske wei: E22 | ||
Knooppunten: Knooppunt De Jouwer ● Knooppunt It Hearrenfean ● Knooppunt Oerterperfallaat ● Knooppunt Surch ● Knooppunt Werpsterhoeke | ||
Rûnwegen: Ring Ljouwert ● Ring Snits | ||
· · |