Saanske Skâns
De Saanske Skâns is in populêre toeristyske trekpleister east fan Saandam. De namme is ûntliend oan ien fan 'e skânzen út de Tachtichjierrige Kriich. Fan dy skâns is neat mear te sjen en hjoed-de-dei wurdt der mei de Saanske Skâns in gebiet mei in samling karakteristike houten gebouwen út de Saankrite en in rige yndustrymûnen bedoeld. Sûnt de stifting ha der útwreidings mei oare gebouwen, musea en horeka west. Alle jierren wurdt it gebiet besocht troch likernôch in pear miljoen toeristen.
Saanske Skâns Zaanse Schans | ||
Sicht op Saanske Skâns | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
oar | ||
koördinaten | 52° 28' NB, 4° 49' EL |
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1938 waard yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum yn Arnhim in Saanske buert mei fjouwer wentes opset. Yn 'e Twadde Wrâldkriich groeide de wurdearring foar de Saanske streekarsjitektuer. Yn 1946 waard 'Zaans Schoon' stifte mei as doel it behâld fan 'e Gortershoek yn Saandyk.
Om safolle fan 'e Saanske houtarsjitektuer te bewarjen waard yn 1949 socht nei in geskikt stik grûn om dêr te gebouwen hinne te ferhûzjen. Dy waard yn de Kalverpolder, dy't foar de Gortershoek oan de oare kant fan 'e Saan oer lei.
Nei't yn 1956 goedkarring jûn waard foar in plan, waard útein set mei it bouryp meitsjen fan 'e grûn. In fabryk waard ôfbrutsen en opkochte gebouwen waarden opslein yn in loads. It plan hie romte foar 43 gebouwen en in mûne.
Sûnt 1963 waarden in soad houten gebouwen út de Saankrite nei de Saanske Skâns brocht en dêr wer opknapt. Om safolle mooglik fan 'e houten arsjitektuer yntakt te hâlden waarden de gebouwen mei in djiplader ferhûze. Foar de fundearring waard lykwos net mear keazen foar de tradisjonele houten peallen, mar foar beton. Foar it bewenjen fan 'e houten hûzen wiene der lange ynskriuwingslisten. Om 1970 hinne wiene der 15 wenten boud.
It wie ynearsten opset om dêr te wenjen, mar de kamen jimmeroan mear toeristen. Dêr wie it net op berekkene en om dat yn goede banen te lieden waard der sjoen nei de ûnderfinings dêrfan yn it iepenloftmuseum Colonial Williamsburg yn Williamsburg, Virginia. Tusken 1970 en 1974 waarden histoaryske gebouwen (restaurant 'De Kraai', pakhûs 'De Lelie' en 'De Bezem') en in pear replika's geskikt makke foar horeka en toerisme. Ek waard in ekstra parkearterrein oanlein op it plak dêr't oars de skoalle komme moast. Sûnt 1976 wie de Saanske Skâns in offisjele toeristyske bestimming.
Ek binne in pear mûnen nei it gebiet ferhûze. Allinne de ûnderbou fan farvemûne De Kat (oarspronklik in oaljemûne) en fan oaljemûne De Bonte Hen en de oaljemûne De Os steane noch op harren oarspronklike mûnehiem. Ek binne noch mear gebouwen oan it gebiet tafoege.
De Gortershoek waard yn 1982 as beskerme doarpsgesicht oanwiisd, de Saanske Skâns folge yn 2010. Mei't de buert net de opset hie fan in museum, koe der jild makke wurde mei it sluten fan kontrakten mei ynternasjonale touroperators, parkearjild en gratis musea mei in dêrby hearrende winkel mei streekprodukten.
De Saanske Skâns wurdt fral troch bûtenlânske toeristen besocht, dy't nei Amsterdam gean of yn 'e maitiid in besite kombinearje mei de Keukenhof. De foarse groei fan it tal toeristen de lêste jierren driget it lykwicht tusken wenjen, wurkje en toerisme te fersteuren.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeAmbachtlike bedriuwen
bewurkje seksje- de tsiismakkerij De Catherinahoeve
- in skipswerf
- Klompemuseum en klompemakkerij
- priuwlokaal en sliterij De tweekoppige Phoenix.
- restaurant/brassery d' Hoop op de Swarte Walvis
- in kûperij
- in wevershûs
Mûnen
bewurkje seksjeIt tal mûnen oan 'e Saan fan súd nei noard:
- speserijmûne De Huisman
- houtseach-paltrokmûne De Gekroonde Poelenburg
- farvemûnt De Kat
- oaljemûne De Zoeker
- Boppekruier- en houtseachmûne Het Jonge Schaap (replika fan in eardere mûne út 1680.)
- oaljemûne De Os (mûneromp mei binnenwurk)
- wiphoutseachmûne Het Klaverblad
- oaljemûne De Bonte Hen
In pear mûnen binne iepensteld foar publyk.
Fierder binne der in stik of wat lytse mûntsjes.
Musea
bewurkje seksje- Saansk Museum
- Mûnemuseum
- klokkemuseum Museum Zaanse Tijd
- bakkerijmuseum In de Gecroonde Duyvekater
- Museumwinkel Albert Heijn
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen op Saanske Skâns.
|