Boppekruier
In boppekruier is in wynmûne, wêrfan't it wjukkekrús nei de wyn kruid wurde kin troch de kape fan de mûne yn beweging te setten. Mei help fan it kruirêd oan de sturtbalke kin de mûnder de kape oer in rolring (of in oar type kruiwurk) op de romp nei de goede wynrjochting draaie.
Untwikkeling
bewurkje seksjeSûnt 1600 ferfong de boppekruier stadichoan âldere mûnetypes lykas de standermûne. De boppekruier wie súksesfol en minder gefoelich as de standermûne foar omwaaien by stoarm. Nederlân krige yn dy tiid namme fanwegen de mûneboukunde en ek tsjintwurdich wurdt de boppekruier yn Dútslân noch jimmeroan Holländermühle neamd.
Binnen- en bûtenkruiers
bewurkje seksjeOarspronklik waarden boppekruiers as binnenkruiers boud, dat wol sizze dat it kruien (it draaien fan it wjukkekrús nei de wyn) yn de kape fan de mûne barde. Binnenkruiers binne fan bûten al gau te werkennen, om't dy gjin sturt nedich hawwe. Om't it kruien yn de kape plakfynt, hawwe binnenkruiers in grutte kape, wêrtroch't de mûne in wat lomp oansjen kriget. Tsjintwurdich wurde de measte binnenkruiers yn it Noard-Hollânske polderlânskip oantroffen. Letter ûntstiene stadichoan de bûtenkruiers, sadat de mûnders net mear nei de souder fan de mûne hoegden te klimmen om it wjukkekrús nei de wyn te setten. By in bûtenkruiers wurdt it wjukkekrús bûten nei de wyn set. De mounder kin it kruirêd dus fanôf de grûn (of stelling) betsjinje. Nei boppe ta binne de bûtenkruiers slanker fan oansjen yn ferlikening mei de binnenkruiers.
Mûnen mei in wynroas kruie harren sels. As it waait soarget de wynroas der foar dat de kape nei de wyn set wurdt. In mûne mei in wynroas komt yn Nederlân hast net foar, mar bûten Nederlân komt it type faker foar. Tichteby Fryslân stiet yn Nijefean De Sterrenberg, in mûne mei in wynroas dy't oarspronklik yn East-Fryslân stie en ferhûze nei Nijefean. Lykas by de binnenkruier hat in selskruier gjin sturt nedich.
Boufoarm
bewurkje seksjeYn de útfiering binne der ferskillende soarten boppekruiers:
- De muonts of grûnsiler wurdt fan de grûn ôf betsjinne en syn wjukken reitsje by it draaien krekt de grûn net. Om't de muonts mar in bytsje opslachromte hat, kin de mûne allinne as poldermûne ynset wurde. Muontsen wurde oantroffen op it plattelân. Yn Fryslân binne de muontsen achthoekich en fan hout, mar yn oare provinsjes komme grûnsilers ek yn rûne, stiennen foarmen foar.
- In stellingmûne is in hege mûne mei in stelling. De stelling is it plak dêr't de mûne betsjinne wurdt. De stellingmûne kin in achtkanter wêze, mar ek rûn. Rûne stellingmûnen binne altiten fan stien.
- In achtkantmûne is in mûne mei in houten achtkant, al is der ek in foarbyld fan in achtkanter dy't hielendal fan stien is (de Nooit Gedacht yn Woudrichem).[1] De achtkanter kin in stellingmûne, mar likegoed in muonts wêze. Njonken achtkanters binne der ek seiskanters of, noch seldsumer, tolvekanters. Yn Horn (Limburch) stiet sels in sechtjinkanter.[2]
- De bultmûne is yn 'e regel in nôtmûne dy't op in faak keunstmjittige bulte stiet. Yn 'e regel is sa'n bulte om en de by 4 meter heech. Troch de bulte rint in paad, wêroer't de weinen de mûne ynride kinne om te laden en lossen. In bultmûne dy't op in tige hege bult stiet is De Korenbloem en it Noard-Brabânske Ulvenhout.[3] De bultmûne wurdt yn it easten en suden fan Nederlân oantroffen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|