In achtkante boppekruier, ek in achtkantmûne of achtkanter, is in mûne wêrfan't de kape neffens de wynrjochting draaid wurde kin. Dat is oars mei in middenkruier, lykas de wipmûne, spinnekop of de standermûne, werfan it boppehûs of de kast om de stander draaid wurde kin.

Nôtmûne 'De Hoop', Sumar
Beabuorstermûne, Tsjerkwert

Troch te kruien, dat wol sizze troch it boppeste diel fan de mûne yn de goede rjochting fan de wyn te draaien, kinne de wjukken leadrjocht op de wyn komme te stean, sadat de wjukken maksimaal fan de wynkrêft profitearje. De haadfoarm fan in achtkante boppekruier is achthoekich, de ûnderbou is fan stien en dêrboppe is de achthoekige konstruksje fan hout.

In achtkante boppekruier is it meast foarkommende mûnetype fan Nederlân.

Foarbylden fan achtkante boppekruiers binne yndustrymûnen, lykas oaljemûnen, houtseachmûnen, nôtmûnen, mostermûnen, papiermûnen en himpmûnen. By yndustrymûnen stiet it achtkant op in skuorre of stiennen romp. Dêrnjonken tsjinnet in achtkanter ek faak foar it bemeallen fan polders.

In "grûnsiler" is in achtkante boppekruier dy't fan de grûn ôf betsjinne wurde kin. Yn Fryslân wurdt sa'n mûne in muonts neamd. Muontsen binne poldermûnen. Folle mear as yn oare provinsjes fan Nederlân binne de ferskillen yn Fryslân tusken de achtkante poldermûnen wat ôfmjittings oanbelanget grut. De flecht fan in muonts yn Fryslân ferskilt fan maksimaal 23 meter oant 8 meter. It lytste foarbyld fan in muonts yn Fryslân is De Lytse Mûne yn Stiens.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: