De Rôt is in muonts-stellingmûne yn Drylts dy't yn oarspronklik boud waard yn de Saanstreek as oaljemûne mei de namme "De Walrot", letter ferboud ta houtseachmûne. Earder waard tocht dat de mûne al yn 1683 bestie[1], mar argyfûndersyk, dendrochronology en in ynskripsje yn in âlde balke litte sjen dat de mûne yn werklikheid yn 1711 boud is.[2]

De Rôt
De Rôt
De seachskuorre fan De Rôt

Yn 1828 waard De Walrot op in feiling kocht troch Willem Ringnalda en Hessel Aten Vellinga en dêrnei ferpleatst nei Drylts en omneamd ta De Rôt. Yn 1918 waard in elektromotor fan 30 hk (22 kW) ynstallearre. De kap, de wjukken en de stelling waarden yn 1920 fuorthelle; de mûne wurke doe folslein op elektrisiteit. Dat duorre oant 1950. Dêrnei rekke de mûne brekfallich.

De Rôt is ien fan de trije houtseachmûnen yn Fryslân. De oaren binne de De Jager yn Wâldsein en De Swel yn Burdaard. Sûnt de ein 70-er jierren is de mûne wer opknapt en draait sûnt dy tiid alle wiken. Ein 20e iuw is njonken de wynmole in mûnderswente boud. De mole wurdt noch brûkt om te seagjen en kin besichtige wurde. De Rôt is in ryksmonumint.

Nei dizze mûne is ek in wenwyk neamd, Plan de Rôt.

Saanstreek
  • Cornelis Gijs (1683- )
  • Jan Janszoon Koningh ( -1707)
  • Jan IJsbrandsz Koningh (1707–27)
  • Famylje Koningh
  • IJsbrand Koningh ( -1805)
  • Jacob Schippers (1810- )
Drylts
  • William Hotzes Ringnalda (1828- )
  • Jan Janszoon te Velde (1852–54)
  • Gerben Ringnalda (1952–54)
  • H A Ringnalda & Co (1854–91)
  • Widdo W.J. Oppedijk (1891- )
  • NV Houthandel ( -1950)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stichting De Fryske Mole (1995). Friese Molens. Ljouwert: Friese Pers Boekerij bv. s. 246. ISBN 90-330-1522-6.
  2. Gerben D. Wijnia; et al. De Utskoat, kwartaalblêd fan stichting De Friese Mole en feriening Gild Fryske Mounders, nr 142, juny 2011.