De Jager (Wâldsein)

De Jager is in mealreeë stellingmûne en ryksmonumint yn Wâldsein. De Jager is sûnt 1971 in ryksmonumint.

De Jager
Piktogramm Windmühle.svg mûne / mole
20190617 houtzaagmolen de Jager2 aan de Ie in Woudsend.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
plak Woudsend vlag.svg Wâldsein
adres Ald Wyk 18
koördinaten 52° 56'N 5° 37'E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje houtseachmûne
flecht 19,04 meter
boujier 1719
oare ynformaasje
eigner Stifting houtseachmûne De Jager
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 39828 [1]
Webside
Side houtseachmûne De Jager
Kaart
De Jager (Fryslân)
De Jager

SkiednisBewurkje

 
De Jager flak foar de restauraasje fan 1976

De Jager waard nei alle gedachten yn 1719 boud. Sûnt de jierren 1930 draaide de mûne net mear op wynkrêft. De mûne ferlear dêrnei de kape, de wjukken en de stelling.

Yn 1965 kocht de stifting Zon en Vrijheid út Amsterdam de ferfallen romp mei de mûnderswente en sân hûskes foar de feinten fan de mûnder oan, om dy as fakânsjehúskes foar jongerein en kânsearme minsken te eksploitearjen. Alhoewol't it ynearsten net it doel wie, waard de mûne lang om let yn 1976 dochs restaurearre. Yn 1994 folge noch in restauraasje.

De Jager is ien fan de trije noch besteande Fryske houtseachmûnen. De oare twa binne De Rôt yn Drylts en De Swel yn Burdaard.

De houtseachmûne is in achtkante, reitdutsen stellingmûne op in fjouwerkante houten ûnderbou en skuorren. De stelling hat in hichte fan goed seis meter. De roeden hawwe âld-hollânsk hekwurk en letter is it systeem Fauel op beide roeden oanbrocht. De flecht fan de mûne is 19,04 meter.

Wâldsein is twa tradisjonele mûnen ryk; de oare is de nôt- en pelmûne 't Laam.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: