De Swel (Burdaard)

De Swel is in nôt-, pel- en houtseachmûne yn Burdaard.

De Swel
mûne / mole
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Burdaard
adres Mounewei 17
koördinaten 53° 17' N 5° 52' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôt-, pel- en seachmûne
flecht 23,50/23,60 meter
boujier 1875; werbou yn 1988
oare ynformaasje
eigner Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15585
Webside
Side De Swel
Kaart
De Swel (Fryslân)
De Swel

De oarspronklike mûne waard yn 1875 boud en waard neffens guon doe daliks mei selsswichting útrist. Standertwurken op it mêd fan mûnen skriuwe lykwols dat de Eva yn Uskwert yn 1891 as earste Nederlânske mûne in selsswichting krige. De mûne yn Burdaard (doe noch oantsjutten as Wânswert oan de Streek) waard neist in nôt- en pelmûne ek in seachmûne. Unyk is dat de mûne net sintraal yn de seagerij stiet, lykas bygelyks de Fram yn Woltersum. De romp fan in paltrokmole waard los njonken de mûne setten en wurdt troch in ekstra oerbringing út de mûne wei oandreaun.

De mûne baarnde yn 1972 ôf neidat de mûne al jierren stilstie. Nei in tige muoisum ferrinnend proses waard de achtkante boppekruier hielendal restaurearre en yn 1988 wer yn gebrûk nommen. As nôtmûne is de stellingmûne profesjoneel yn gebrûk, de seagerij wurdt geregeldwei troch frijwilligers in bedriuw steld. De mûne is no eigendom fan gemeente Noardeast-Fryslân. De hjoeddeiske kombinaasje fan funksjes is unyk, al hie de earder neamde noch besteande mûne fan Woltersum earder ek dizze kombinearre funksjes.

Keppeling om utens

bewurkje seksje