Woltersum (Grinslannersk: Woltersom) is in doarpke oan it Iemskanaal yn 'e Grinslânske gemeente Grins. Woltersum hat 350 ynwenners (2023) en hearde oant de opheffing fan 'e gemeente Ten Boer op 1 jannewaris 2019 by dy gemeente..

Woltersum
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Grins
Sifers
Ynwennertal 335 (2024)
Oerflak 2,76 km²
lân: - 2,74 km²
wetter: - 0,01 km²
Oar
Koördinaten 53° 16 'NB, 6° 43 'EL
Kaart
Woltersum (Grinslân)
Woltersum

Yn it jier 1236 waard Woltersum foar it earst as 'Waltersum' fermeld. De namme betsjut nei alle gedachten 'doarp' of 'hiem fan Walter'. Mooglik waard it doarp yn 'e 11e iuw 'Walthuson' of 'Waldhuson' neamd.

It doarp ûntstie om in wier yn it streamgebiet fan 'e Fivel, dy't út it efterlizzende heechfean streamde. By Woltersum rûn dat rivierke, hjir de Slochter Ae neamd, gear mei twa oare feanrivierkes. Sûnt de 9e en 10e iuw waard mei it oanmeitsjen fan it efterlân fanôf de iggen fan 'e rivierkes útein set. Súd fan it doarp ûntstiene de delsettings Blokum, Roeksweer, Luddeweer en De Hammen, de measten boud op wieren. Om de tanimmende wetteroerlêst baas te wurden, waarden de rivierkes kanalisearre. Sa ûntstie tusken 1200 en 1470 stadichoan in rjocht kanaal, de Woltersummer Ae, letter ek wol it Woltersumerdjip neamd.

Troch de strategyske lokaasje ûntwikkele Woltersum him ta in hannelssintrum foar de omkriten. Al yn 'e 13e iuw moat it in ridlik doarp west ha. Abt Menko fan it kleaster Blomhof skriuwt yn 1238 dat de helte fan 'e bouwers fan de tsjerke fan Witewierrum út Woltersum kamen.

Om it doarp ûnstiene boppedat ek in pear stienhûzen (stinzen), yn it doarp mar ek yn Blokum en nei alle gedachten ek yn Rooksweer en op oare plakken. It stienhûs fan 'e haadling Focke Ewesma (ek Eusma of Ewens) waard yn 1411 troch de stêd Grins ferneatige. Dat stie mooglik súd fan 'e Bouwerschapsweg. In twadde stienhûs wie yn 1385 fan 'e haadling Nycolaus of Clawes Schulte út Scharmer. It stie east fan Woltersum en waard yn 1415 oan in Focke Ackema ferkocht. Dy Ackingaheerd kaam letter yn hannen fan 'e famylje Rengers. Mooglik wie it in hiem mei in grêft derom hinne oan 'e Kollerijweg, dat yn 1488 bekend stie as Vosham en yn 1512 as Fockesham; dy pleats hat no de namme 'Zuider-Bawert' krige. Ut de 17e iuw datearre it 'Glimmershûs' west fan it djip en ferneamd nei de mennist en keapman Jacob Joosten Glimmer († 1646), dy't him dêr yn 1631 nei wenjen sette. It wie in ienfâldige bûtenpleats, dy't yn 1735 troch de stêd Grins oankocht en dêrnei ôfbrutsen waard.

De patroanhillige fan it doarp wie nei alle gedachten Jehannes de Doper, it wapen mei it Laam fan God waard oernommen troch de haadlingenfamylje Ewesma, dy't letter nei Siddebuorren ferhûze.

Troch de oanlis fan it Iemskanaal waard it doarp om 1870 hinne midstwa snien. Fan it eastlike diel bestiet net in soad mear. By de ferbreding fan it kanaal yn 1950 waarden op 'e nij hûzen yn Woltersum ôfbrutsen.

 
De Fram.

Yn Woltersum stiet noch ien fan 'e twa Grinslânske houtseachmûnen. De mûne is lykas de mûne fan Burdaard ek in nôt- en pelmûne en waard yn 1867 boud. Letter krige de mûne de namme Fram, in ferneaming fan de Fram fan 'e Noarske ûndekkingsreiziger Fridtjof Nansen.

De tsjerke fan Woltersum liket midsiuwsk, mar is earst yn 1837 boud. Dêrby binne wol stiennen brûkt fan 'e folle gruttere midsiuwske tsjerke, dy't al yn 1765 foar in part ôfbrutsen is. Ut hokker tiid de midsiuwske tsjerke datearre is net bekend.

Op 6 januari 2012 kaam Woltersum lannelik yn it nijs. De ynwenners binne doe foar in dei evakuearre om 't de dyk fan it Iemskanaal drige troch te brekken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tekst is foar in part oernommen fan it Nederlânsktalige lemma, sjoch nl:Woltersum