Fram (mûne)
De Fram is in houtseachmûne yn Woltersum oan it Iemskanaal yn 'e Grinslânske gemeente Grins.
Houtseachmûne Fram | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
lân | Grinslân | |
plak | Woltersum | |
adres | Kollerijweg 5 | |
koördinaten | 53°16'N, 6°44'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | houtseachmûne | |
oarspr. gebrûk | houtseach-, nôt- en pelmûne | |
flecht | 19 m | |
boujier | 1867 | |
Webside | ||
www.houtzaagmolen.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne is yn 1867 as houtseach-, nôt- en pelmûne boud. Letter waard de mûne nei it skip Fram ferneamd fan 'e Noarske ûntdekkingsreizger Fridtjof Nansen. Al foar de Twadde Wrâldkriich waard op steamkrêft foar de oandriuwing oerstapt.
Yn 1961 en de jierren 1970 waard de mûne restaurearre en seaget sûnt op frijwillige basis.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe mûne hat noch jimmeroan in koppel mealstiennen en in diel fan it pelwurk. De wjukken binne útrist mei it systeem Fauël.
Njonken de folle lytsere Bovenrijge yn it oanbuorjende Ten Boer is de Fram de iennige noch wurkjende seachmûne yn Grinslân. Eigner is de Stifting It Grinslânske Gea.
Trivia
bewurkje seksjeOant syn dea op 28 jannewaris 2012 wie Tom Krabbendam mûnder op 'e Fram. Tom Krabbendam wie yn 'e jierren 1960 gitarist by de Amsterdamske beatgroep The Outsiders.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|