Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân
(Trochferwiisd fan Stifting Monumintebehâld Dongeradiel)
De Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân (offisjeel: Stichting Monumentenbehoud Noardeast-Fryslân) is in stifting dy't yn 1993 oprjochte waard út namme fan de gemeente Dongeradiel mei as doel it behâld fan monuminten yn dy gemeente.

De Iendracht, ien fan de mûnen yn behear fan de stifting.
Mei't de gemeente Dongeradiel yn 2019 weryndield waard by de doe nije gemeente Noardeast-Fryslân waard de namme fan de stifting oanpast yn Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân.
Under de monuminten falle tsjerketuorren en mûnen. Fan de tsien mûnen yn Dongeradiel binne der sân yn behear by de stifting.
MûnenBewurkje
Plak | Mûne |
---|---|
Eanjum | De Iendracht |
Dokkum | De Hoop |
Dokkum | Seldenrêst |
Iezumasyl | De Goes |
Hantum | Hantumermûne |
Holwert | De Hoop |
Mitselwier | Mûne op Ropta |
Keppeling om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|