Plan de Rôt
Plan de Rôt is in wenwyk yn it easten fan Drylts. De wyk is boud yn de jierren santich en leit benoarden de Sudergoawei dy't yn 1968 oanlein is om in bettere ûntsluting fan Drylts te meitsjen. Plan de Rôt is neamd nei mole De Rôt en bestiet benammen út rychjehuzen en twa-ûnder-ien-kape wenningen. Fierders lizze yn it noarden fan Plan de Rôt in sportkompleks, in basisskoalle en in supermerk.