De Kat is in farvemûne oan 'e Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd. It is ien fan 'e likernôch 50 farvemûnen dy't ea yn 'e Saankrite stiene, mar hjoed-de-dei is De Kat de iennige noch wurkjende wynfarvemûne fan 'e wrâld.

De Kat
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plak Saandam
koördinaten 52° 28' N 4° 49' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje farvemûne
flecht 21,76 m
boujier 1783
werbou: 1960
oare ynformaasje
eigner fer. De Zaansche Molen
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 40092
Webside
www.verfmolendekat.com
www.zaanschemolen.nl
Kaart
De Kat (Saanstêd)
De Kat

De oarspronklike mûne waard yn 1645 of 1646 as oaljemûne boud en baarnde op 27 novimber 1782 ôf. De mûne waard dêrnei wer opboud en wie doe as oaljemûne oant 1904 yn gebrûk. Yn dat jier wiksele it eigendom en de nije eigner liet De Kat foar in part ôfbrekke. Allinne de ûnderbou en de skuorre bleaune stean foar it opslaan en drûgjen fan kryt.

 
Troch De Kat produsearre kleurstoffen.

Yn 1960 krige de mûne wer in boppebou en binnenwurk fan 'e yn 1959 ôfbrutsen Saandamske farvemûne De Duinjager út 1781. De Duinjager wie sûnt 1947 net mear yn bedriuw en moast foar bebouwing ôfbrutsen wurde. Sûnt is De Kat wer in farvemûne.

Simmerdeis is de mûne hast alle dagen yn bedruw en mei't de mûne ûnderdiel foarmet fan 'e Saanske Skâns wurdt de mûne troch in soad minsken besocht. Op 'e mûne wurkje in pear beropsmûnders, dy't yn 'e âlde tradysje pigminten foar farve produsearje.

Yn 'e mûne is in kapperij en twa stellen kantstiennen, wêrmei't it kryt en de piminten fynmealle wurde. It koppel stiennen wêrmei't de pigminten mealle wurde, is yn in ôftimmere romte.

De mûne is ien fan 'e mûnen fan 'e feriening De Zaansche Molen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e Saankrite
Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
  ·   ·