Het Klaverblad (mûne)

It Klaverblêd (offisjeel Het Klaverblad) is in lytse houtseachmûne oan 'e Kalverringdijk op 'e Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd. De bou fan 'e mûne wie in partikulier inisjatyf.

It Klaverblêd
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plak Saandam
adres Kalverringdijk 37
koördinaten 52° 28' N 4° 48' E
bysûnderheden
type mûne wipstellingmûne
funksje houtseachmûne
flecht 8,15 m
boujier 2000-2005
oare ynformaasje
eigner Stifting Het Klaverblad
monumintale status gemeentlik monumint
Webside
www.molenhetklaverblad.nl
FB-side
Kaart
Het Klaverblad (Saanstêd)
Het Klaverblad

De inisjatyfnimmer Ruud Pos kocht yn 1973 in stikje bûtendyksk lân oan, dêr't eartiids in pakhûs stie. Yn 1986 waard dat inisjatyf yn in stifting ûnderbrocht mei it doel om in wynhoutseachmûne te bouwen en yn bedriuw te stellen.

De eardere mûnder fan 'e paltrok-houtseachmûne De Kroande Poelenburg, Ruud Pos, woe al hiel lang op syn lân tusken de oaljemûnen De Okse en De Bûnte Hin in lyts mûntsje bouwe. Tusken 1986 en 2005 boude Pos dy mûne, dy't mei faasje ôfboud wurde koe troch it grutte tal sponsors en in bydrage fan 'e doetiidske sponsorlotterij, dy't de feriening De Hollânske Mûne beskikber stelde.

It Klaverblêd is in mealreë latteseager fan it type wipmûne mei in stelling op in skuorre. Eartiids wiene der folle mear lytse houtseachmûntsjes yn 'e Saankrite, dy't it mooglik makken om wat jild by te fertsjinjen mei it seagjen fan lytse balken en planken, yn 'e regel mei restprodukten fan grutte seachmûnen. Mei de bou fan 'e mûne waard in type mûne werboud, dy't al net mear yn 'e Saankrite bestie.

De namme fan 'e mûne ferwiist nei de fjouwer dochters fan 'e mûnder.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e Saankrite
Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
  ·   ·