De Bleke Dea, offisjeel De Bleeke Dood of koartwei De Dood, is in nôtmûne op 'e hoeke fan 'e Guisweg/Lagedijk skeef foar de Saanske Skâns oer yn it doarp Zaandijk (gemeente Saanstêd). It is boppedat noch ien fan 'e twa restearjende nôtmûnen fan 'e Saankrite.

De Bleke Dea
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plak Zaandijk
adres Lagedijk 28
koördinaten 52° 28' N 4° 48' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 22,60 m
boujier 1782
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 40100
Webside
De Zaansche Molen
Kaart
De Bleeke Dood (Saanstêd)
De Bleeke Dood

De wynbrief fan 'e mûne datearret út 1656 en op basis fan 'e wynbrief waard lang tocht dat it de âldste stellingmûne fan Nederlân wie. Dochs wie der wol twifel oer de âldens fan 'e mûne en nei dendrogronologysk ûndersyk die bliken dat mûne foar it grutste part net fan ikehout, mar fan dinnehout út Dútslân boud wie en dat it hout om 1778 hinne kapt waard. Fierder is der noch in âld ôfbyld fan 'e mûne fûn, mei it jiertal 1782 op it mûneburd. Dêrmei koe fêststeld wurde dat de mûne in opfolger west hawwe moat fan 'e yn 1656 boude mûne. Hjoed-de-dei wurdt as boujier 1782 oanholden.

 
Boerd oan 'e mûne.

De mûne krige yn 1910 in elektromotor, dy't it geande wurk fan 'e mûne oandriuwe koe, mar de mûne bleau ek op wynkrêft draaien. Oant yn of fuort nei de Earste Wrâldkriich koe mei in boat oant yn 'e mûne fearn wurde om te laden en lossen. It haventsje bûten de mûne is pas yn 'e jierren 1960 tichtsmiten.

In brân op 9 april 1922 makke hast in ein oan 'e mûne, mei't fonken fan in oare brân oersprongen en it reiden tek yn fjoer setten. De brânwar wist it fjoer te beheinen en te dwêsten, mar oant de dei fan hjoed binne de brânspoaren noch te sjen.

Om 't ien fan 'e roeden yn minne steat wie en gjin hekwurk mear hie, waard op it lêst noch mei ien roede draaid. Yn 1931 waard it wjukkekrús ferwidere en in pear jier letter folge de ferwidering fan 'e sturt en stelling, wylst der fierder elektrysk mealle waard. Hieltiten mear saken waard út de mûne ferwidere, oant yn 1950 de feriening De Zaansche Molen de mûne yn eigendom krige. Dy feriening renovearre de Bleke Dea yn 1955 en makke de mûne wer mealree. Sûnt 1967 is de mûne in ryksmonumint.

It mûndershûs stiet is foar in part yn 'e mûne en foar in part bûten de mûne boud.

Oan 'e súdkant fan Zaandijk stiet hjoed-de-dei de nôtmûne de Dea, mar oant de sloop yn 1904 stie oan 'e noardkant de poldermûne it Libben ('t Leven). Dêrfandinne waard der faak sein dat de ynwenners fan it doarp tusken dea en libben ferkeare.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e Saankrite
Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
  ·   ·