De Gekroonde Poelenburg
De Gekroonde Poelenburg is in paltrokmûne oan 'e Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd. De mûne is mealree.
De Kroande Poelenburg | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
plak | Saandam | |
adres | Kalverringdijk 27 | |
koördinaten | 52° 28' N 4° 49' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | paltrokmûne | |
funksje | houtseachmûne | |
flecht | 20,36 m | |
boujier | 1866, werbou: 1904, 1963 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | De Zaansche Molen | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 40093 | |
Webside | ||
De Zaansche Molen | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne hat in komplekse skiednis. De skiednis fan 'e Poelenburg giet werom op in nei alle gedachten yn 1730 troch Pieter Jochemss Poelenburg as balkeseager boude paltrokmûne. Yn 1731 waard dy mûne yn it wynpachtregister fan 'e Banne Eastsaan ynskreaun. Om't de pacht neitiid betelle waard, moat de mûne yn 1730 boud wêze. Oare boarnen neame 1733 as boujier, it jier dat de mûne foar in brânfersekering ynskreaun waard. Dy mûne baarnde op 11 desimber 1903 ôf. Fuort dêrnei waard op dat plek in besteande mûne út Keech oan de Saan boud, dy't earder De Locomotief hiet, mar op it nije plak de namme De Gekroonde Poelenburg krige.
De Locomotief wie yn 1866 of 1867 boud en ferfong doe de doe al 200 jier âlde De Groene Jager, dy't foar de oanlis fan it spoar ôfbrutsen wurde moast. Under de nije namme De Poelenburg bleau de mûne yn Keech oan 'e Saan oant 1950 yn bedriuw. De mûne rekke yn it neigean en waard yn 1961 ôfbrutsen om dêrnei yn 1962-1963 oan 'e Saanske Skâns wer opboud te wurden op it plak dêr't earder de pelmûne De Grootvorst stien hie, dy't yn 1928 ôfbaarnde.
Yn 2005 krige de mûne de âlde griene kleur werom nei't dy earder swart tarre wie. Ek waarden de planken potdeksele, lykas dat oarspronklik ek sa wie. Yn 2008 waard de felle griene kleur wat donkerder oerskildere, yn 2011 folge it fernijen fan 'e seachflier en yn 2015 waarden nije roeden stutsen.
De mûne moast yn 2017-2018 behannele wurde fanwegen oantaasting troch de bûnte kjifkrobbe.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wynmûnen yn 'e Saankrite | ||
---|---|---|
Oaljemûnen: De Bonte Hen • De Ooijevaar • De Os • Het Pink • De Zoeker | ||
Seachmûnen: De Gekroonde Poelenburg • De Held Jozua • Het Jonge Schaap | ||
Oare types: De Bleeke Dood • Herkules • De Huisman • De Kat • De Koker • Het Prinsenhof • De Schoolmeester • De Veldmuis | ||
Lytse mûntsjes: De Hadel • De Jonge Dirk • Kaatmolen • Het Klaverblad • De Kroosduiker • De Windhond • De Windjager • De Zwaan • Het Zwarte Kalf | ||
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen | ||
· · |