De Kroasdûker' (offisjeel: De Kroosduiker) is ien fan 'e greidemûntsjes yn 'e Kalverpolder by de Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd. It stiet oan 'e eastlike kant fan 'e Kalverpolder west fan 'e Ringdyk. De mûne is útrist mei in waaierpompe en kin mei silen of mei houten buorden útrist wurde. De Kroasdûker is in gemeentlik monumint.

De Kroasdûker
mûne / mole
Ald ôfbyld fan 'e mûne, tsjintwurdich (2024) is de mûne yn Saansk grien farve.
Ald ôfbyld fan 'e mûne, tsjintwurdich (2024) is de mûne yn Saansk grien farve.
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plak Saandam
adres Oastkant fan de Kalverpolder
koördinaten 52° 28' N 4° 50' E
bysûnderheden
type mûne greidemûne
funksje poldermûne
flecht 4 m
boujier 1933
oare ynformaasje
eigner De Zaansche Molen
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39939
Webside
Hiemside Het Pink
www.zaanschemolen.nl
Kaart
De Kroosduiker (Saanstêd)
De Kroosduiker

Oarspronklik stie it mûntsje by it blauselfabryk fan Westsaan. De greidemûnebouwer Rem út Wormer boude de mûne yn 1933. Mei't de mûne kocht wie troch de famylje Dolman ferhûze it mûntsje nei Harmelen, dêr 't it oan de Alde Ryn in plak krige efter de nôtmûne De Verwachting, dy't yn 1983 ôfbaarnde. Yn 1989 waard de greidemûne oan 'e Saankrite skonken om't de famylje de kosten foar it ûnderhâld net mear opbringe koe.

Nei de ferhûzing nei de hjoeddeiske lokaasje yn 1990 waard der ynearsten net in soad oan ûnderhâld dien. Ein 2010 wie it mûntsje neffens de side fan 'e mûnedatabase yn tige minne steat. Troch ferotting wie bygelyks de sturt der ôfwaaid. Ein 2012 waard it mûntsje hielendal restaurearre en sûnt kin er wer mealle.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e Saankrite
Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
  ·   ·