Westsaan is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Saanstêd. Mei it oanbuorjende Eastsaan is Westsaan it âldste doarp fan 'e Saanstreek. Troch dy doarpen ûntstie letter Saandam. Westsaan hat 5.085 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Westsaan
It eardere rjochtshûs.
It eardere rjochtshûs.
Emblemen
               
Bestjoer
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Saanstêd
Sifers
Ynwennertal 5.085 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 11,25 km²
Oar
Postkoade 1551
Koördinaten 52° 27 'NB, 4° 46 'EL
Offisjele webside
westzaan.nl
Kaart
Westsaan (Saanstêd)
Westsaan
 
De yn 1834 ynstoarte toer.

Yn 1811 waard Westsaan in selsstannich plak. Foar dy tiid wie it plak it wichtichste doarp fan 'e Banne Westsaan. It troch de arsjitekt Johan Samuel Creutz boude rjochtshûs út 1781-1783 docht dêr noch oan tinken. Tusken 1816 en 1974 die dat tsjinst as gemeentehûs. Ek fan belang is de 18e iuwske krústsjerke fan Westsaan. De tsjerke hie eartiids in toer, mar dy stoarte yn 1843 yn en waard nea werboud. De 19e-iuwske mennistetsjerke oan 'e J.J. Allanstraat 463 wurdt hjoed-de-dei brûkt troch de grifformearde gemeente. De fermanje fan 'e Fryske mennistegemeente stiet oan it Zuidereinde en is in houten tsjerke út 1731.

It grutste part fan it doarp bestiet út lintbebouwing oan 'e dyk dy't de polder Westsaan midstwa snijd. It plak bestie út ferskate buorskippen mei nammen as Weiver, Kerkbuurt, Krabbebuurt, Zuideinde en it wat lettere Noordeind. Fanwegen it gearranen mei it plakje De Middel wurdt Noordeinde sûnt de 20e iuw Middel neamd. Kerkbuurt wurdt net mear as in buorskip sjoen, om 't dat hjoed-de-dei it sintrum fan Westsaan foarmet. De Krabbebuurt wurdt sûnt de 20e iuw de J. J. Allanstraat neamd. By de falom fan Zuideinde is letter it buorskip Westzaner-Overtoom ûntstien.

Yn Weststaan stiene eartiids mear as 150 mûnen. Dêrfan binne der hjoed-de-dei noch fiif. De Schoolmeester is de iennige wynpapiermûne fan 'e wrâld. Dêrnjonken is de iennige noch komplete pelmûne fan 'e Saanstreek Het Prinsenhof. It Vergulde Hart út 1744 is in lyts hobbymûntsje, dêr't bern eartiids foar mûnder learden. It stiet yn in brekfallige tastân op it hiem efter Zuideinde 274. Op in eilân steane fierder de eardere speserijmûne De Jonge Dirk en it lytse wipmûntsje De Zwaan. Yn 'e omkriten stiet fierder op it plak fan in yn 1916 ôfbrutsen mûne De Veldmuis, dy't yn 2020 as wente is werboud. Dy mûne is draaifurdich en wekt elektrisiteit op.

Bewenners fan Westsaan wurde ek wol Kroosduikers neamd.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en oare ferwizings op nl:Westzaan


  Gemeente Saanstêd  
Stêd:
Saandam
Doarpen:
AssendelftKoog aan de ZaanKrommenieWestknollendamWestsaanWormerveerZaandijk
Buert:
Saanske Skâns
  ·   ·