Westknollendam
Westknollendam (offisjele stavering) of West-Knollendam is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Saanstêd.
Westknollendam | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Saanstêd | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 567 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 31,89 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 1525 | |
Koördinaten | 52° 31 'NB, 4° 47 'EL | |
Kaart | ||
It doarp hat 567 (1 jannewaris 2023) ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeEartiids foarme it doarp mei Oostknollendam oan 'e eastlike kant fan 'e Saan it plak Knollendam. Oant 1 jannewaris 1974 hearde Westknollendam by de gemeente Wormerveer. Yn dy tiid wie Westknollendam in buorskip fan it plak Wormerveer. Sûnt 1974 heart it plak by de gemeente Saanstêd. Troch de ynfiering fan 'e Wet Basisregistraasje Adressen en Gebouwen wie it nedich om in aparte plaknamme fêst te stellen en fan in tal adressen de postkoade te feroarjen. Sadwaande krige Westknollendam op 1 maaie 2008 offisjeel de status fan doarp.
Lokaasje
bewurkje seksjeIt doarp leit oan 'e Tapsleat, dy't in krúspunt foarmet fan ferskillende wetters, lykas de Knollendammerfeart (rjochting Noardhollânsk Kanaal by Spijkerboor, de Markerfeart (rjochting Noardhollânsk Kanaal by De Woude), de Saan en de Nauernaske Feart (rjochting Noardseekanaal by Nauerna). Der binne in pear jachthavens, dy't in ferbining ha mei de Alkmardermar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Saanstêd | ||
---|---|---|
Stêd: Saandam | ||
Doarpen: Assendelft • Koog aan de Zaan • Krommenie • Westknollendam • Westsaan • Wormerveer • Zaandijk | ||
Buert: Saanske Skâns | ||
· · |