Koog aan de Zaan is in doarp en eardere gemeente yn 'e Saankrite, dy't yn 1974 yn 'e gemeente Saanstêd opgie. It doarp leit tusken Westsaan, Saandyk en Saandam. In koog, yn it Frysk keech, is in stik bûtendyksk lân, yn it gefal fan Koog aan de Zaan is dat de noard fan 'e A8 lizzende Kegerhim.

Koog aan de Zaan
Hûs mei de izeren brêge (eardere mûnemuseum).
Hûs mei de izeren brêge (eardere mûnemuseum).
Emblemen
               
Bestjoer
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Saanstêd
Sifers
Ynwennertal 11.230 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 11,25 km²
Oar
Postkoade 1551
Koördinaten 52° 28 'NB, 4° 48 'EL
Kaart
Koog aan de Zaan (Saanstêd)
Koog aan de Zaan

It plak bestiet út twa wenwiken: it âlde diel fan Koog aan de Zaan (of koartwei Oud-Koog) en it nijere, yn 'e jierren 1970 boude Westerkoog. Doe't Westerkoog krekt oanlein waard, neamden in soad minsken dat diel, neffens de Rotterdamske projektûntwikkelder, 'Havezathe'.

Koog aan de Zaan hat 11.230 ynwenners (1 jannewaris 2023).

It doarp ûntstie mei't de dammen oan 'e westkant fan 'e Saan yn 'e 15e iuw ferbetteren. Oarspronklik (1561) waard it plak 'Koegh' neamd, de tafoeging oan 'e Saan folge letter.

Yn 'e 18e iuw ûnstiene der oan 'e Saan fabriken lykas Honig en Duyvis. It doarp hearde doe noch by de Banne Westsaan, mar yn 1811 waard it doarp in selsstannige gemeente. Flak foar de Twadde Wrâldkriich wurke 70% fan 'e befolking op it fabryk. Dy foar Nederlân iere yndustrialisaasje fan it plak hie ek kulturele gefolgen. Foar de krite wie Ingelân it grutte foarbyld en dêr wie sport populêr, dus hiene de bewenners yn Koog aan de Zaan ek in soad niget oan sport. Oant 1967 die de fuotbalklub fan Koog aan de Zaan (KFC) mei oan it betelle fuotbal en op it terrein fan Honig leine tennisfjilden, dy't der noch altiten binne en skûl gean efter de oaljemûne Het Pink. Kuorbal is ek opfallend populêr yn 'e Saankrite en it doarp levere ferskate kearen de lânskampioen.

Earder stie sûnt 1925 yn it doarp it Mûnemuseum, dat yn 2021 ferhûze nei de Saanske Skâns. It monumintale keapmanshûs (Museumlaan 18) fan it museum út 1775 is ferkocht oan partikulieren.

  • De Fermanje (Lagedijk 34) út 1680;
  • de protestantske Kegertsjerke út 1685.
  • de roomske Hillige Martlers fan Gorkum-tsjerke út 1931-1932;
  • it diakonyhûs "De Kogge" (Zuideinde 83) út 1860;
  • de oaljemûne "Het Pink" (Pinkstraat 12);
  • it eardere riedshûs (Raadhuisstraat 86) út 1907-1908;
  • ferskillende foarbylden fan 'e Saanske gevelarsjitektuer;
  • de silo's (1914) en it pakhûs Wolga (1927) op it Duyvisterrein.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Koog aan de Zaan fan Wikimedia Commons.
  Gemeente Saanstêd  
Stêd:
Saandam
Doarpen:
AssendelftKoog aan de ZaanKrommenieWestknollendamWestsaanWormerveerZaandijk
Buert:
Saanske Skâns
  ·   ·