Krommenie is in plak yn 'e Noard-Hollânske gemeente Saanstêd. Oant 1974 wie Krommenie in selsstannige gemeente yn it noarden fan 'e Saankrite. Sûnt dat jier foarmet Krommenie ûnderdiel fan 'e gemeente Saanstêd. By Krommenie heart ek it buorskip Krommeniedijk, dat midden yn 'e polder leit.

Krommenie
Fermanje.
Fermanje.
Emblemen
               
Bestjoer
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Saanstêd
Sifers
Ynwennertal 17.010 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 5,42 km²
Oar
Postkoade 1561, 1562
Koördinaten 52° 30 'NB, 4° 46 'EL
Kaart
Krommenie (Saanstêd)
Krommenie

Krommenie is ien fan 'e âldste Saanske doarpen. Op ferskillende plakken yn it doarpsgebiet binne resten fan Romeinsk diggelguod fûn. Der wurdt oannommen dat de earste fêste delsettings om 1000 hinne ûnstien binne.

 
19e-iuwske kaart fan Krommenie.

Mei it opsmiten fan damen yn 'e 14e iuw (de Hoge Dam by Saandam, de Nieuwedam by Busch en Dam, de Knollendam) wie it gebiet rillik goed tsjin it wetter beskerme en koe Krommenie stadichoan groeie. De plaknamme Krommenie waard yn 'e 14e iuw foar it earst neamd. Yn 'e 13e iuw wurdt de namme Crommenye ek neamd, mar net as plak mar as it wetter, dat in ferbining foarme tusken de Wikermar en de Langmar. De plaknamme is dus ôflaat fan dat wetterke. De hjoeddeiske stavering fan 'e plaknamme datearret út de 19e iuw.

Sûnt 1816 foarme Krommenie in selsstannige gemeente en dat bleau sa oant 1 jannewaris 1974. It doarp hat mei Assendelft fûl protestearre tsjin de weryndieling en woe leaver mei Assendelft yn in aparte gemeente fierder. Mar de protesten wiene om 'e nocht en Krommenie waard ûnderdiel fan 'e gemeente Saanstêd.

Lykas yn Assendelft wie ek yn Krommenie in relatyf grut oandiel fan 'e befolking roomsk-katolyk.[1]

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Foarbylden fan 17e- en 19e-iuwske Saanske houtarsjitektuer binne oan 'e Zuider- en Noorderhoofdstraat te finen. It noardlike diel fan Krommenie hat noch it measte it doarpske karakter bewarre.

 
Fort by Krommeniedijk.

Op it plak fan 'e letgoatyske protestantske Nikolaastsjerke stie eartiids de oan Nikolaas fan Myra wijde katolike kapel. It hjoeddeiske gebou mei in trijesidich koer en in westlike houten toer datearet fan 1756-1658. Foar de fúzje fan 'e grifformearden en herfoarmen wie it de Nederlânsk-Herfoarme tsjerke fan Krommenie. De Fermanje oan 'e Noorderhoofdstraat 46 is in houten tsjerkegebou út 1703.

Yn it buorskip Krommeniedijk stiet in protestantske tsjerke út 1755. Op 'e grins fan it buorskip Krommeniedijk en Uitgeest leit ien fan 'e 42 forten fan 'e Stelling fan Amsterdam, de 19e-iuwske ferdigeningsliny om Amsterdam hinne, dy't yn 1996 troch UNESCO op 'e wrâlderfgoedlist set waard. De mûne De Woudaap (Woudaappad 2) yn 'e noardeastlike hoeke fan Krommeniedijk is in poldermûne út 1651.

Noard fan it doarpsgebiet lei de Almardermar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Gemeente Saanstêd  
Stêd:
Saandam
Doarpen:
AssendelftKoog aan de ZaanKrommenieWestknollendamWestsaanWormerveerZaandijk
Buert:
Saanske Skâns
  ·   ·