De Schoolmeester (Westsaan)
De Skoalmaster is in mûne yn it Noard-Hollânske plak Westsaan. It is de iennige papiermûne fan 'e wrâld dy't noch op wynkrêft funksjonearret. Oan 'e Saan stiene eartiids likernôch 40 papiermûnen. De mûne stiet oan 'e dearinnende âlde Guisweg en oan 'e Gouw en fan 'e Rykswei 8 ôf te sjen.
De Skoalmaster | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
plak | Westsaan | |
adres | Guispad 3 | |
koördinaten | 52° 28' N 4° 47' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | papiermûne | |
flecht | 20,70/20.72 m | |
boujier | 1692 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | fer. De Zaansche Mole | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 40013 | |
Webside | ||
www.zaanschemolen.nl FB-side | ||
Kaart | ||
Oarspronklik waard de mûne yn 1692 boud en hy wurdt hjoed-de-dei noch alle dagen brûkt. Der wurdt ambachtlik Zaansch Bord, in stevich soarte papier, produsearre. Eigner is sûnt 1976 de feriening De Zaansche Molen. De mûne waard as seiskant boud, in seldsume ferskining dy't mar sân oare mûnen ha.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Skoalmaster hat sûnt de bou yn 1692 altiten yn bedriuw west foar de papierproduksje.
Yn 1852 kaam de mûne yn it besit fan Gerbrand de Jong en nei him syn twa soannen, dy't de firmanamme Gebroeders de Jong brûkten. Dy namme bleau sûnt yn gebrûk. Yn 1877 waard de mûne modernisearre. Foar de oandriuwing fan in nije langseefmasine waard in stoommasine delset. Dy is yn 1948 ferfongen troch in Ford benzinemotor, dy't oant 1964 tsjinst die. Tusken 1964 en 1979 waard de masine oandreaun troch in diselmotor, sûnt draait de mûne op in elektromotor.
Op 28 augustus 1957 is de Skoalmaster troch de feriening fan de Nederlandsche Papierfabrikanten oankocht fan 'e N.V. Papier- en Papierwarenindustrie Gebr. de Jong. It bedriuw hierde sûnt de mûne fan 'e feriening. Yn 1976 is de mûne oerdroegen oan 'e feriening De Zaansche Molen.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Skoalmaster is in seiskante stellingmûne op in twa ferdjippingen tellende ûnderbou. De stelling is op in hichte fan 3,80 m boppe de grûn. De mûne sels stiet tusken lange, grien betimmere drûchloadsen mei oranje dakpannen. De kape en it seiskant is reiddutsen. De wjukken ha in flecht fan 20,70 / 20.72 m en binne Ald-Hollânsk ophekt. De jitizeren boppe-as waard yn 1860 getten troch de masinefabryk D.A. Schrettlen & Co út Leien. It kruien fan 'e mûne fynt plak mei de sturt en in lier. De fjouwer wjukken driuwe de ferskillende soarten papiermasines oan.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en oare ferwizings op nl:De Schoolmeester (Westzaan)
|
Wynmûnen yn 'e Saankrite | ||
---|---|---|
Oaljemûnen: De Bonte Hen • De Ooijevaar • De Os • Het Pink • De Zoeker | ||
Seachmûnen: De Gekroonde Poelenburg • De Held Jozua • Het Jonge Schaap | ||
Oare types: De Bleeke Dood • Herkules • De Huisman • De Kat • De Koker • Het Prinsenhof • De Schoolmeester • De Veldmuis | ||
Lytse mûntsjes: De Hadel • De Jonge Dirk • Kaatmolen • Het Klaverblad • De Kroosduiker • De Windhond • De Windjager • De Zwaan • Het Zwarte Kalf | ||
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen | ||
· · |