Het Prinsenhof (Westsaan)
Het Prinsenhof is in pelmûne yn it noard fan it Noard-Hollânske plak Westsaan yn 'e gemeente Saanstêd. De mûne stiet yn it Westzijderveld oan 'e Weelsloot is is berikber oer it Relkepad (efter de J.J.Allanstraat 384).
Het Prinsenhof | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
plak | Westsaan | |
adres | Relkepad 3 | |
koördinaten | 52° 27' N 4° 46' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | pelmûne | |
flecht | 23,20 m | |
boujier | 1722 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | De Zaansche Molen | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 40025 | |
Webside | ||
www.zaanschemolen.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard yn 1722 boud en is oant 1899 brûkt foar it pellen fan koarn oant grôt. Dêrnei waarden 20 jier lang kofjedoppen yn 'e mûne ferwurke. Om 'e Earste Wrâldkriich hinne waard ek seachsel ta houtmoal fermealle. De feriening De Zaansche Molen is sûnt 20 juny 1961 eigner en sûnt de restauraasje fan 1978 is de mûne wer mealree as pelmûne. Yn 'e jierren 2007/2009 waard noch in grutte restauraasje útfierd en op 25 april fûn de feestlike iepening plak.
By in brân yn 'e jûntiid fan 2 jannewaris 2008 baarnde it mûndershok oan 'e foet fan mûne ôf. Mei't de brânwar der gau by wie, bleau de mûne sparre. Nei alle gedachten wie der brân stifte. It mûndershok is letter wer ferfongen troch in nij hok.
Beskriuwing
bewurkje seksjeHet Prinsenhof is de iennige komplete pelmûne yn Nederlân mei allinne in pelwurk. Alle oare Nederlânske pelmûnen ha njonken it pellen ek noch in oare funksje, lykas in mealfunksje. It is in achtkante reiddutsen mûne mei in stelling op 5 m hichte.
De kape fan 'e mûne draait op in neutekruiwurk fan 16 tige grutte neuten. De mûne wurdt remme mei in skoarfang, dy't út fjouwer fangstikken bestiet. De fangbalke leit by it draaien fan 'e mûne op in saneamde tomme. De fangbalke knierret yn 'e ezel mei in skúf.
De wjukken binne Ald-Hollânk ophekt en de roeden binne 23,20 m lang. Yn 2017 moast de mûne stilset wurde fanwegen swierrichheden mei de yn 2008 stutsen roeden. Se binne yn 2018 ferfongen troch nije roeden.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wynmûnen yn 'e Saankrite | ||
---|---|---|
Oaljemûnen: De Bonte Hen • De Ooijevaar • De Os • Het Pink • De Zoeker | ||
Seachmûnen: De Gekroonde Poelenburg • De Held Jozua • Het Jonge Schaap | ||
Oare types: De Bleeke Dood • Herkules • De Huisman • De Kat • De Koker • Het Prinsenhof • De Schoolmeester • De Veldmuis | ||
Lytse mûntsjes: De Hadel • De Jonge Dirk • Kaatmolen • Het Klaverblad • De Kroosduiker • De Windhond • De Windjager • De Zwaan • Het Zwarte Kalf | ||
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen | ||
· · |