De Hadel
De Hadel is in wipmûntsje oan 'e Saanske Skâns yn 'e Noard-Hollânske gemeente Saanstêd. De greidemûne meallet it wetter fan 'e sleatten om it te ferfarskjen; it mûntsje hat gjin funksje mear as poldermûne.
De Hadel | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
plak | Saandam | |
adres | Zeilenmakerspad | |
koördinaten | 52° 28' N 4° 498' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | wipmûne | |
funksje | trochspielen fan sleatten | |
flecht | 8,05 m | |
boujier | ûnbekend, werbou yn 1958 en 1968 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting De Zaanse Schans | |
monumintale status | gemeentlik monumint | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne komt oarspronkelik út it buorskip Broerdijk by Midwoud en bemealle dêr tegearre mei twa oare greidemûnen in polder, dy't earder ûntstie troch twa lytse polderkes gear te foegjen. De Hadel wie fan dy trije greidemûnen de noardlike. De súdlike greidemûne stie noardwest fan Midwoud en de westlike wie al foar 1929 troch in wynmotor ferfongen.
Mei de bou fan in gemaaltsje yn 1948 ferdwûn it súdlike greidemûntsje. De wynmotor bleau noch in skoft draaien en de noardlike greidemûne rekke brekfallich, mar waard yn 1957 oankocht troch de dûmny fan Benningbroek om de mûne yn 'e tún fan 'e pastorij op te bouwen.
Nei't it mûntsje oerdroegen waard oan 'e Stifting De Saanske Skâns waard de mûne yn 1968 op syn hjoeddeiske plak werboud om de sleatten yn it gebiet troch te spielen. De mûne hat troch de bebouwing om him hinne op 'e hjoeddeiske lokaasje te lijen fan in minne wynfang, mar draait regelmjittich. It mûntsje is in gemeentlik monumint.
De namme fan 'e mûne is net de histoaryske namme fan 'e greidemûne; it is de âlde namme fan 'e polder dêr't de mûne no stiet.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wynmûnen yn 'e Saankrite | ||
---|---|---|
Oaljemûnen: De Bonte Hen • De Ooijevaar • De Os • Het Pink • De Zoeker | ||
Seachmûnen: De Gekroonde Poelenburg • De Held Jozua • Het Jonge Schaap | ||
Oare types: De Bleeke Dood • Herkules • De Huisman • De Kat • De Koker • Het Prinsenhof • De Schoolmeester • De Veldmuis | ||
Lytse mûntsjes: De Hadel • De Jonge Dirk • Kaatmolen • Het Klaverblad • De Kroosduiker • De Windhond • De Windjager • De Zwaan • Het Zwarte Kalf | ||
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen | ||
· · |