Wâldfeart (Súdwest-Fryslân)

(Trochferwiisd fan Wâldfeart (Snits))

De Wâldfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart slút yn Snits op de Stedsgrêft oan by de [Wâldfeartbrêge]] yn de wyk wyk Sperkhim. Fan dêr rint de feart nei it súden, en giet ûnder de brêge yn de A7 troch. Dêr foarby lizze de wenwiken Dúnterpen en De Brekken. Besúden de stêd rint de feart dan fierder nei it súden en komt ít op de Wite Brekken.

Wâldfeartbrêge
Wâldfeart.

De Wâldfeart wie eartiids de belangrykste wetterferbining fan Westergoa mei de Súdwesthoeke: De Stienwikerfeart. Besuden Snits hawwe wâlden west: Net tichte bosken, mar gebieten mei strewellen en boskjes.

De namme Wâldfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Woudvaart.