Sperkhim (wyk)
It Sperkhim is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wyk hat 2810 ynwenners (2008) en hat in oerflakte fan 380 hektare (dêrfan 42 hektare wetter).
Topografy
bewurkje seksjeDe wyk grinzet yn it noarden oan de binnenstêd fan Snits, yn it easten oan it Yndustryterrein Houkesleat, yn it westen oan Lemmerwei-East en yn it suden oan it Rasterhoffpark.
De grutste ferkearsieren fan de wyk binne de Toppenhústerwei en de Johan Willem Frisostrjitte mei de Harinxmabrêge. De noardlike grins fan it Sperkhim wurdt foarme troch de Stedsgrêft, de eastlike grins binne it Simmerrak en de Houkesleat, de westlike grins de Wâldfeart en de súdlike begrinzing wurdt foarme troch de Rykswei 7.
Histoarje en bebouwing
bewurkje seksjeOp it plak fan de hjoeddeiske wyk stie oent 1920 de pleats Sperckhem, eigendom fan it Ald Burger Weeshûs. De wyk is neamd nei dy pleats, dy't sels wer neamd wie nei de it eartiidske wetter de Sperkhim (wetter). De huzen yn de wyk stamje meast út de perioade 1920-1930. De Willem de Swijerstrjitte en Wâldfeartkaai binne fan 1929. Ek is der yn de jierren 50 nijbou komd: de buert Túndoarp mei de Ichtustsjerke. Yn 1988 is in earste fernijing dien yn de Túndoarp; sûnt 2005 is de rest fan de buert renovearre ta Nij Túndoarp. De strjitten binne neamd nei de keninklike famylje.
It Sperkhim wie in folksbuert en hie in soad slachters, bakkers en oare winkeltsjes. In protte winkels binne sûnt ophâlden, en troch de fernijings is it karakter fan de wyk ek wat feroare. Yn it uterste suden fan de wyk leit it Sudersportpark en it wenweinkamp.
De wykferiening Sperkhim-Túndoarp sit yn wyksintrum De Eekmole.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeFoarsjennings
bewurkje seksje- Sudersportpark
- Wyksintrum De Eekmole
- ferskate winkels
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Wiken en buerten yn de stêd Snits | ||
---|---|---|
Wiken: Aldfeart • Beammebuert • Binnenstêd • De Domp • It Eilân • Dúnterpen • It Ges • Harinxmalân • Himdyk • De Himmen • Houkesleat • Lemsterwei-East • Lemsterwei-West • Ljouwerterdyk • De Lotten • Noardeasthoek • Noarderhoek I • Noarderhoek II • Pasfear • Poarte fan Snits • Sperkhim • Stasjonsbuert • Stedsfinne • Swetteplan • Tinga | ||
Buerten: Malta • Spitaal • Túndoarp | ||
· · |