Boargemaster Rasterhoffpark
It Burgemeester Rasterhoffpark of koartwei Rasterhofpark is in natoerpark yn it suden fan de stêd Snits.
De noard- en eastgrins fan it park wurdt foarme troch de A7, ten suden troch de Wite en de Swarte Brekken en ten westen troch de Wâldfeart. It park is it grutste park fan de stêd Snits. It park is ferneamd nei de earderee boargemaster fan Snits Ludolf Rasterhoff.
Histoarje
bewurkje seksjeIt Rasterhoffpark is ien fan de jongste parken yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It park is op 21 maaie 2005 iepene mei in grut iepeningswykein. It park is ûntstien op in gearfoeging fan de eardere Stedsbosk, in nije ynrjochting fan de eardere stoart en in eardere sânôfgraving. [1]
Foarsjennings
bewurkje seksjeYn it park binne ferskate foarsjennings. Sa is der in sinnegreide, in keunstmjittich kreëarde wetterfal en der binne in soad wannelpaden. Bysûnder is it amfiteater, dêr't plak is foar hûnderten taskôgers. It teater leit op in âld jiskelân. Op meardeere plakken yn de bosk en oan de wannelpaden binne saneamde ekorichels, dy't bedoeld binne as nêstplak foar fûgels en bedoeld binne foar it yn stân hâlden fan it ekosysteem. Ek binne der in tal boartersplakken op it terrein.
Bistesoarten
bewurkje seksjeDwers troch it park en de bosk rinne Skotske Heechlanners en reeën frij rûn. Fierder komme yn it park de Lytse Wettersalamander, de Griene Kikkert, de Brune Kikkert en de Gewoane Podde foar. De meast foarkommende fûgel is de Reidsjonger.[2]
Iepenstelling
bewurkje seksjeBesikers meie it park fergees yn fan sinneopkomst oant sinneûndergong. Der is parkeargelegenheid tichtby it amfiteater.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|