De Harinxmabrêge, foarhinne: Elektryske Brêge, yn de folksmûle: Sperkhimbrêge, Wouda's brêge, is in ophelbrêge yn Snits. Hy leit oer de súdrin fan de Stedsgrêft, dy't de haadfarrûte fan de stêd is.

Harinxmabrêge
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Snits
oer Koopmansgrêft
koördinaten 53°01' N 5°39' E
Algemiene gegevens
boujier 1920; 1984 (werbou brêgewachtshûs)
Eigenskippen
type flapbrêge
breedte 8.05 m[1]
trochfarhichte 1.1 m (sletten)
gewicht 8.05 m
Oars
monumintnûmer 514100
Kaart
Harinxmabrêge (Binnenstêd)
Harinxmabrêge

De brêge is boud yn 1920 en is yn 1985 restaurearre. By de restauraasje binne parten fan de izerene konstruksje werbrûkt; oare bysûndere meganyske komponinten binne folslein ferfongen. De nije parten binne dêrby sa yn it byld fan de brêge ynpast, dat it oansjen fan de brêge hast net feroare is.[2]

De brêge is part fan it ryksmonumint Stedsgrêft Snits.[3] Dêrtroch mochten oan de brêge gjin kamera's, spegels ensafuorthinne pleatst wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. waterkaart.net, oproppen 21 novimber 2024
  2. www.bruggenstichting.nl
  3. ODB:Ryksmonumintnr: 34077 Snits