Sperkhim (pleats)
eardere pleats yn Snits
(Trochferwiisd fan Sperckhem)
It Sperkhim (Sperkhem), wie in eardere pleats yn Snits.
Op it stee fan de hjoeddeiske wyk it Sperkhim (wyk), wie oant 1920 in polder, mei dêryn de pleats it Sperkhim. De pleats wie it eigendom fan it Ald Burger Weeshûs. It lân fan it Sperkhim lei tusken de tramdyk en de Wâldfeart. Benoarden de tramdyk hearde de polder ek ta it Ald Burger Weeshûs, mar dêr wie er taparte oan in oare fan harren pleatsen: de Wigledaam.[1] Hoewol't de polder yn 1920 opheft waard [2], waard der op de pleats noch oant ein jierren fyftich buorke.
De namme waard ek wol brûkt foar de muonts dy't dêr stie.[3] Persizer is dit de Weeshuismole.[4] Mei de mole waard it wetter út de polder yn de Molesleat pompt, dy't eartiids oansliet op de Wâldfeart.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |