Lemsterwei-East
Lemsterwei-East is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wyk telt (yn 2008) 2370 ynwenners en hat in oerflakte fan 56 hektare (wêrfan 6 hektare wetter).
De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk Poarte fan Snits, yn it easten oan it Sperkhim, yn it westen oan de Lemsterwei-West en yn it suden oan Dúnterpen.
De grutste ferkearsier fan de wyk is de Lemsterwei, dy't de grins foarmet tusken Lemsterwei-East en -West. De eastlike grins wurdt foarme troch de Wâldfeart. Yn de wyk sels rinne gjin wetterwegen.
Histoarje en bebouwing
bewurkje seksjeDe wyk Lemsterwei-East is yn de jierren 50 en 60 boud en krige har namme troch de neist lizzende Lemsterwei. Oan Tsjin 2010 is de wyk renovearre. Yn de wyk lizze de toufabriken fan Lankhorst en ferskate jachthavens. Yn it súdeasten leit de wenboatehaven. De strjitten yn de Lemsterwei-East binne neamd nei persooanen dy't steatkundich, kultureel of skiedkundich in grutte rol spile hawwe yn Snits.
Foparsjennings
bewurkje seksje- Ferskate jachthavens
- Haadburo fan plysje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Wiken en buerten yn de stêd Snits | ||
---|---|---|
Wiken: Aldfeart • Beammebuert • Binnenstêd • De Domp • It Eilân • Dúnterpen • It Ges • Harinxmalân • Himdyk • De Himmen • Houkesleat • Lemsterwei-East • Lemsterwei-West • Ljouwerterdyk • De Lotten • Noardeasthoek • Noarderhoek I • Noarderhoek II • Pasfear • Poarte fan Snits • Sperkhim • Stasjonsbuert • Stedsfinne • Swetteplan • Tinga | ||
Buerten: Malta • Spitaal • Túndoarp | ||
· · |