Yndustryterrein Houkesleat
Yndustryterrein Houkesleat is in yndustryterrein binnen de stêd Snits oan de Rykswei 7.
It terrein grinzet yn it westen oan de Rykswei 7 en it Boargemaster Rasterhoffpark. Yn it easten grinzet it yndustryterrein oan de Houkesleat en yn it suden oan Yndustryterrein It Ges en yn it noarden leit it Sperkhim. De strjitten yn de wyk binne meast ferneamd nei wittenskippoers en útfiners.
De wichtichste ferkearsier fan it yndustryterrein is de Stedsrûnwei, dy't it terrein fan west nei east trochkrúset. Ek de Tppenhústerwei en de Einsteinstrjitte binne drokke wegen yn de wyk. Op it yndustryterrein leit ek it Houkesleat Akwuadukt.
Histoarje en bebouwing
bewurkje seksjeIt yndustryterrein is ien fan de âldste 'moderne' yndustryterreinen fan de stêd. Op it park sitte ûnder mear ritsenfabrikant YKK, supermerkbedriuw Poiesz, de Noardlike Tank Opslach en oant foar koart ek Phillips. De earste bedriuwen fêstigen har hjir ein jierren sechtich.
De Houkesleat is útûntwikkele, wat ynhâldt dat der gjin romte mear is foar útwreiding.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeFoarsjennings
bewurkje seksje- Twa grutte ynstekhavens
- Servicepunt foar boattoeristen
- Gemeentewerf
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Wiken en buerten yn de stêd Snits | ||
---|---|---|
Wiken: Aldfeart • Beammebuert • Binnenstêd • De Domp • It Eilân • Dúnterpen • It Ges • Harinxmalân • Himdyk • De Himmen • Houkesleat • Lemsterwei-East • Lemsterwei-West • Ljouwerterdyk • De Lotten • Noardeasthoek • Noarderhoek I • Noarderhoek II • Pasfear • Poarte fan Snits • Sperkhim • Stasjonsbuert • Stedsfinne • Swetteplan • Tinga | ||
Buerten: Malta • Spitaal • Túndoarp | ||
· · |