De Noarderhoek I is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wyk telt (yn 2008) 1560 ynwenners en hat in oerflakte fan 35 hektare (wêrfan 1 hektare wetter).

'Noarderhoek I

De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk De Lotten, yn it easten oan de Noardeasthoek, yn it suden oan de Himdyk en yn it westen oan de Noarderhoek II.

De wyk wurdt diels begrinze troch de Boalserterdyk en de Worp Tjaardastrjitte, dy'tek de wichtichste ferkearsieren foarmje. Yn it easten wurdt de dyk begrinze troch it Spoar Ljouwert - Starum.

De Frjentsjerter Feart rint diels troch de wyk,ûnder de spoarwei rint in fuot- en fytstunnel. Yn it noardeasten fan de wyk stiet treinstasjon Snits Noard.

Histoarje en bebouwing

bewurkje seksje

It grutste diel fan de bebouwing fan de wyk, sa'n twa tredde, stamt út de perioade fan foar 1945. It oare diel fan de gebouwen en wenningen is boud yn de perioade tusken 1945 en 1975. Yn de wyk steane relatyf in soad iengesinswenningen, dy 't allegear yn de foaroarlochske perioade sûnt 1926 boud binne. It grutste diel fan de wyk bestiet ú hierwenningen, dy 't beheard wurde troch Wenningstichting De Wieren. De wyk hat amper heechbou en hat in grut plantsoen oan de Gijsbert Japiksstrjitte.

De wyn ûndergiet om 2010 in werynrjochting. Yn 2011 is yn de wyk in nijboud wensoarchsintrum iepene oan de Worp Tjaardastrjitte en Harmen Sytstrastrjitte.

Om de Ubbo Emmiusstrstrjitte binne in tal winkels, wêrûnder in kapper, in blommesaak en in slachterij.

Yn de wyk is in wykferiening Noarderhoek aktyf. De feriening beheart it wyksintrum Skuttersheuvel en bringt it wykblêd De Schuttersbode út.

De strjitten yn de wyk binne meast neamd nei grutte Fryske skiedskriuwers:

Strjitnamme Ferneaming
Gysbert Japiksstrjitte Gysbert Japicx (1603-1666), Fryske renêssânseskriuwer
Waling Dijkstrastraat Waling Dykstra (1821-1914), Fryske skriuwer
Eeltje Halbertsmastrjitte Eeltsje Halbertsma (1797-1858), Fryske arts en skriuwer
Ubbo Emmiusstrjitte Ubbo Emmius (1547-1625) de earste rektor magnifikus fan de Akademy yn Grins

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Foarsjennings

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestjooer Snits (1978) Geschiedenis in straatnamen.
  • Gemeente Snits, Provinsje Fryslân, Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten (2008) Sneek.

  Wiken en buerten yn de stêd Snits  
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
  ·   ·