Stasjonsbuert (Snits)
De Stasjonsbuert is in wyk yn de stêd Snits. It hat in ynwennertal fan 810 (2008) en in oerflak fan 62 hektare (dêrfan 11 hektare wetter).
In grut part fan de stasjonsbuert (de Stasjonsstrjitte en omkriten) is oanmerkt as beskerme stedsgesicht.
Lizzing en berikberheid
bewurkje seksjeDe wyk grinzet yn it westen oan de wyk Himdyk, yn it noarden troch de Noardeasthoek, yn it easten oan de Binnenstêd, yn it suden oan de Lemmerwei-West en Tinga.
De Dr. Boumawei trochkrúst de wyk fan súd nei noard en is ferbûn mei de trochgeande dyk rjochting Drylts. In oare grutte ferkearsier yn de wyk is de Parkstrjitte, dy't de ferbining foarmet mei de Prins Hendrikkaai en de útfalswegen rjochting de A7.
De grinzen fan de wyk binne de stedsgrêft, de Frjentsjerter Feart, it Spoardok, de Geau en de grins fan de stêd.
Yn de wyk lizze it treinstasjon en it busstasjon fan Snits.
Bebouwing en histoarje
bewurkje seksjeDe earste bebouwing yn de Stasjonsbuert is fan ± 1900. Yn de wyk stie sûnt 1902 it eardere Sint Antonius Sikehûs, dat begjin dizze iuw ferfongen is troch appartemintenkompleks mei winkelsintrum (it Sint Antoniusplein). De Stasjonsbuert, en de Stasjonsstrjitte yn it bysûnder, waard ûntwurpen as fraaie yntree nei de binnenstêd. Oan dizze strjitte ferriisden grutte filla's en hearehuzen. De huzen binne oplutsen yn ekspresjonistyske, neoklassistyske en Ingelske lânskipsstyl. Bewenners wienen benammen fan de hegerein.
Efter de steatige bebouwing fan de Stasjonstrtjitte wie begjin 1900 in sportfjild. Dit terrein waard ek wol Geaudal neamd en stie ek bekend as it eardere iisbaanterrein. Op 16 septimber 1930 kam op dit plak de hjoeddeiske Feemerk.
De bebouwing om it Prinses Julianapark, Spoarsicht neamd, is bekend om har Art Nouveau-styl. De gebouwen binne yn 1901 oplevere en waarden ûntwurpen troch Lodewijk de Blinde.
Oant 1989 stie de Snitser Gasfabryk oan de Van Giffenstrjitte, foar de hjoeddeiske Snitser Sporthal oer. Sûnt 1990 stie op it plak it haadburo fan de plysje, dit waard yn 2010 sluten. De brânwarkazerne fan Snnits stiet ek oan dizze strjitte.
Strjitnammeferklearring
bewurkje seksjeDe strjitten fan de wyk binne neamd nei leden fan it Keninklik Hûs:
Strjitnamme | Ferneaming |
---|---|
Beatrixstrjitte | Keninginne Beatrix (1938) |
Julianastrjitte | Prinses Juliana (1909-2004) |
Emmastrjitte | Keningin Emma (1858-1934) |
Willemstrjitte | Kening Willem (trije generaasjes, 1815-1890) |
In pear oare strjitnammen, ten suden fan de stasjonsstrjitte kinne oars ferklearre wurde:
Strjitnamme | Ferneaming |
---|---|
Van Giffenstrjitte | Daniël Flud fan Giffen, teolooch en fan 1681 - 1688 predikant yn Snits |
Almastrjitte | Dirk Alma, boargemaster fan Snits tusken 1885 - 1906 |
Dr. Boumawei | Dr. Bouma, praktisearjend arts-sjirurch yn it Sint Antonius Sikehûs yn Snits |
It besjen wurdich
bewurkje seksjeSjoch ek: list fan ryksmonuminten yn Snits
- It gebou fn Stasjon Snits Sintraal
- Ferskate wenningen oan it Prinses Julianapark
- Ferskate wenningen oan de Stasjonstrjitte
- It Wite Tsjerkje oan it Julianapark
- Grêftepânen oan de Geaukaai en Westersingel
Foarsjennings
bewurkje seksje- Snitser Sporthal
- Middelbere skoallemienskip RSG Magister Alvinus
- Teater Snits
- Julianapark
- Feemerkterrein
- Pretpark Stoom Stêd Snits (± 2014)
- Busstasjon Snits
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Wiken en buerten yn de stêd Snits | ||
---|---|---|
Wiken: Aldfeart • Beammebuert • Binnenstêd • De Domp • It Eilân • Dúnterpen • It Ges • Harinxmalân • Himdyk • De Himmen • Houkesleat • Lemsterwei-East • Lemsterwei-West • Ljouwerterdyk • De Lotten • Noardeasthoek • Noarderhoek I • Noarderhoek II • Pasfear • Poarte fan Snits • Sperkhim • Stasjonsbuert • Stedsfinne • Swetteplan • Tinga | ||
Buerten: Malta • Spitaal • Túndoarp | ||
· · |