Wite Tsjerkje (Snits)

It Wite Tsjerkje is in tsjerkegebou yn 'e Snitser Stasjonsbuert. It tsjerkje stiet oan 'e Julianastrjitte, by it Julianapark.

It Wite Tsjerkje
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Julianastrjitte 5
koördinaten 53°1' N 5°39' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Kristlik Grifformearde Tsjerken
Arsjitektuer
boujier 1907
Webside
Side tsjerklike gemeente
Kaart
Wite Tsjerkje (Binnenstêd)
Wite Tsjerkje
 
De âlde kristlik-grifformearde tsjerke fan Snits

It gebou is yn 1907 boud en wurdt sûnttiids brûkt troch de Kristlik Grifformearde Tsjerke. De tsjerke is yn neoromaanske styl boude sealtsjerke mei ferskate rûnbôgefinsters en in lytse klokkepyloan. Yn 1966 rekke de tsjerke troch brân skansearre en dêrnei is de tsjerke yn in ienfâldiger styl restaurearre.

 
Mozayk boppe de tagong.

Sûnt 2005 brûkt de Grifformeard-frijmakke tsjerke (yn 2023 opgien yn 'e Nederlânske Grifformearde Tsjerken) it gebou ek.

Oan de efterside fan de tsjerke stiet in ferieningsgebou fan de gemeente.

De Himrik hat ek in 'Wite tsjerke'.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: