Wite Tsjerke (De Himrik)
De Wite Tsjerke is de tsjerke fan De Himrik yn 'e gemeente Opsterlân.
Wite Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Opsterlân | |
plak | De Himrik | |
adres | Binnenwei 22 | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1739 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31856 | |
Webside | ||
Side fan de Wite Tsjerke, De Himrik | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe foarhinne oan 'e apostel Andréas wijde tsjerke waard yn 1739 boud op 'e fûneminten fan in midsiuwske tsjerke. Archeologyske fynsten by de lêste restauraasje fan 'e tsjerke ferdútsten dat hjir al sûnt 14e iuw in lytser tsjerkje stien hat. Der waarden munten, kleastermoppen, tegeltsjes en âlde grêven fûn.
De Herfoarme tsjerke fan Lippenhuzen en De Himrik slagge der yn 'e jierren 1990 net mear yn om twa tsjerkegebouwen te ûnderhâlden en moast de tsjerke fan De Himrik ôfstjitte. It gebou ôfbrekke wie gjin opsje en al gau die bliken dat it Karmelkomitee út Drachten belangstelling foar it gebou hie. Tegearre mei in troch pleatslik belang gearstalde kommisje waard de Stichting Beheer Witte Kerk oprjochte. Dy stifting is hoed-de-dei de eigner fan it ryksmonumint.[1][2]
Yn 'e jierren 2001-2002 waard de tsjerke restaurearre. De muorren fan 'e tsjerke waarden ûnder hannen nommen, it gebou krige nije dakpannen en de tsjerkebanken waarden opknapt. Fierdersoan waarden der oanpassingen dien om de tsjerke ek foar oare aktiviteiten geskikt te meitsjen.[3]
Yn stee fan in toer stiet der op it tsjerkhôf in klokkestoel mei in wulfdak. Yn 'e klokkestoel hinget in klok fan Geart fan Wou út 1494. De trochsneed fan 'e 650 kg swiere klok mjit 100 sm en hat as opskrift Sanctus Andreas is myn naem/Myn gheludt sy gode bequaem/Gerhardus de Wou me fecit/Anno domini MCCCCXCIV (1494). Op it tsjerkhôf waard yn 1860 in grêfkelder boud yn opdracht fan Jan Alles v.d. Sluis. Hjir rêste 36 minsken.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe kânsel yn 'e tsjerke stamt út de 17e iuw. It oargel waard yn 1940 troch Bakker & Timmenga boud. Dêrby brûkten de oargelbouwers ûnderdielen fan in âlder oargel út 1839 út Wâldsein.
Gebrûk
bewurkje seksjeYn 'e tsjerke fine tal fan kulturele aktiviteiten plak. Dêrnjonken is it in offisjele troulokaasje fan 'e gemeente. Ek wurdt it gebou noch foar tsjerketsjinsten en begraffenissen brûkt.[4]
Ôfbylden
bewurkje seksje-
Klokkestoel
-
Klok Geart fan Wou
-
Grêfkelder famylje Van der Sluis
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|