Prinses Julianapark (Snits)

It Prinses Julianapark, koartwei Julianapark, is in stedspark yn de wyk Stasjonsbuert fan de stêd Snits, dat yn 1909 iepene waard.

Julianapark mei sicht op de Dr. Bouwmawei en links de stallingen fan it stasjon.

Yn it noarden wurdt it park begrinze troch de Willemstrjitte, yn it easten troch bebouwing, yn it suden troch de Stasjonstrjitte en yn it easten troch de Doktor Bouwmawei.

It park is ferneamd nei Juliana fan de Nederlannen en is by gelegenheid fan Har berte stifte. Foarhinne leine de Keninklike Nederlânske Tsiis- en Bûterfabriken oan it park. De bebouwing oan de eastside fan it park draacht de namme Spoarsicht.[1] Oan it park stiet boppedat de Kristlike Grifformearde Tsjerke. It behear fan it park wie earder yn hannen fan Feriening Floralia.[2]

Yn 2000 is het park opnij oanlein.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1]
  2. [2]