Spoardok (Snits)
It Spoardok is in earder swimbad en tsjintwurdich natoergebiet yn de stêd Snits.
Untstean
bewurkje seksjeIt Spoardok is om 1880 ûntstien troch de oanlis fan de spoarline Ljouwert-Starum by Stasjon Snits lâns. De grûn dy't nedich wie foar de bou fan de line waard op dit plak ôfgroeven, wêrtroch't in stedsmar ûntstie.[1]
Swimbad
bewurkje seksjeYn 1888 waard it Spoardok oanwiisd as swimbad foar de ynwenners fan Snits. De Sneeker Zweminrichting wie ferantwurdllik foar de eksploitaasje en boude in gebou mei ûnder mear klaailokalen, Yn de wintermoannen waard riden op it Spoardok, ûnder mear troch iisklup Friso. Yn Snits wie yn dy tiid noch in plak om te baaien, te witten it baaihûs oan de Badhûsgrêft.[2]
Deade en sluting
bewurkje seksjeOp 29 juny 1937[3] slút it gemeentebestjoer fan Snits it swimbad nei it ferstjerren fan de hear Mendelsohn. Mendelsohn, learaar oan it Steedlik Gymnasium, ferstoar oan de Sykte fan Weil. Nei ûndersyk blykte it te kommen troch it swimwetter, wêrnei't it bad sluten waard. It tal rotten wie yn de lêste dagen like grut as it tal swimmers, sa meldt it argyf.[1]
As ferfanging fan it Spoardok-bad, waard troch gemeente de opdracht jûn foar de bou fan it swimbad yn it Boargemaster de Hooppark. Tsjintwurdich is dit swimbad It Rak.
Natoergebiet
bewurkje seksjeNei it sluten fan it swimbad feroare it gebiet geandewei yn in griene sône flak bûten de drokke binnenstêd fan Snits. Der ûntstie in natoergebiet mei in grut ferskaat oan planten en bisten.[4] Yn it gebiet komme bysûndere bisten foar lykas de marflearmûs, de iisfûgel en de reidsjonger. [5]
Nijbou
bewurkje seksjeYn 2006 kaam in diel fan de omwenjenden, yn de mande mei ûnder mear de SP, yn ferset tsjin de bou fan wentuorrren neist it Spoardok. Der waard in petysje oanbean mei mear as 4.000 hantekeningen, mar de bou waard dochs trochsetten.[6] Op 20 febrewaris 2008 waard de earste peal slein fan De Wjukslach, de gebouwen waarden yn 2009 oplevere.[7]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|