Boargemaster De Hooppark

(Trochferwiisd fan Boargemaster de Hooppark)

It Boargemaster De Hooppark is in natoerpark mei hartekamp fan ien hektare grut [1] yn de stêd Snits.

Yngong fan it park

Ten noarden wurdt it park begrinze troch de Ljouwerterdyk, ten easten troch de Sytsingawiersterleane, ten suden troch de Aldfeart en ten easten troch Sportpark Ljouwerterdyk. It park is neamd nei Petrus Jacobus de Hoop, eardere boargemaster fan Snits.

Yn it park binne in hartekamp, kuierpaden, it swimbad It Rak en oangrinzjend lizze ferskate jachthavens. Dêr't it noardlike diel fan it park mar bestiet út in langhalich kuierpaad, bestiet it diel om it swimbad út in mear beboske diel.

Joadsk Monumint

bewurkje seksje
 
It Joadske Monumint (2011).

Yn it noardeasten fan it park, ter hichte fan de Boargemaster de Hoopstrjitte, stiet ien fan de Joadske monuminten fan de stêd Snits. It monumint hat as efterlizzende gedachte in betinkingsplak te bieden foar alle oait yn Snits wenjende joaden. Njonken it monumint is in Joadske begraafplak.

Iepenstelling

bewurkje seksje

It park is frij tagonklik. It monumint is frij tagonklik, it Joadske begraafplak lykwols net.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.sneek.com/asp/editor/archief_view.asp?ds=&doc_id=28218