It Rak (swimbad)

(Trochferwiisd fan It Rak)

It Rak, foarhinne N.V. Sneeker Zwembad en L. Rasterhoffbad, is in swimbad yn de stêd Snits. It swimbad leit yn it Boargemaster de Hooppark.

It Rak
swimbad
Yngong It Rak
Yngong It Rak
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Burgemeester de Hooppark
koördinaten 53° 02' NB, 5° 40' EL
eksploitaasje Optisport
bysûnderheden
type Oerdekt swimbad
boujier 1938,
2001
sloopjier 1999
skiednis
hist. namme N.V. Snitser Swimbad (1938-1970),
L. Rasterhoffbad (1970-1999)
iepening 3 juny 1938,
23 febrewaris 2001
oare ynformaasje
tal baden 4
tal glydbanen 1
offisjele webside
Webstee It Rak
kaart
It Rak (Snits)
It Rak
Lokaasje fan It Rak yn Snits

N.V. Snitser Swimbad (1938-1970)

bewurkje seksje

It swimbad waard, nei twa jier bouwen, iepene op 3 juny 1938. It swimbad ferfong it swimbad oan it Spoardok, dat sluten waard yn ferbân mei it oantreffen fan de Sykte fan Weil. It swiimbad waard boud nei arsjitektuer fan H. Wesselo. Yn de begjinjierren hiet it bad N.V. Sneeker Zwembad. It swimwetter kaam út de Aldfeart en soarge op drokke dagen foar de nedige alchfoarming. Hjirtroch krige it bad de bynamme De Inktpot. [1]

L. Rasterhoffbad (1970-1999)

bewurkje seksje

Yn 1969 wie der in útwreiding fan it bad mei in 50 meter-bad. Yn april 1970 krijt it bad de namme L. Rasterhoffbad, ferneamd nei de destiidske boargemaster fan Snits Ludolf Rasterhoff. Yn 1980 folge der nochris in útwreiding, mar no mei in 25 meter bad. Uteinlik waard it hiele kompleks yn 1999 sloopt en waard der in nij swimbad op itselde plak boud.[2]

It Rak (2001-no)

bewurkje seksje

Nei twa jier bouwen waard op 23 febrewaris 2001 it nije bad, ûnder de namme It Rak, iepene. It oantal bûtenbaden waard sterk werombrocht;it swimbad hie doe bûten allinnich beukerbad en 25 meter bad. De binnenakkomdassje bestie út in 25 meter bad, in saneamd fudobad, whirlpools, restaurant en fergaderromtes. [3] It kompleks wurdt beheard troch sportketen Optisport.[4]

Yn 2011 ûntstie opskuor troch it sluten fan it bûtenbad yn de simmerperioade. It tsjetteldak fan it bûtenbad moast foar €40.000,- renovearre wurde, in bedrach dat it kolleezje fan de Gemeente Súdwest-Fryslân net direkt foldwaan wol. [5]

Meardere sportferienings en skoallen brûke it swimbad yn Sneek. Sa hat dûkferiening Moby Dick in clubgebou mei eigen bad op it terrein. Feriening Fit Troch Sport en swimferiening Neptunia '24 brûke it binnenbad.[6][7] It bad wurdt ek brûkt troch rekreative swimmers en foar skoal- en diplomaswimmen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: