Neptunia '24 is de ienige swim- en wetterpoloferiening yn Snits.

De feriening is neamd nei de God fan de See Neptunus en waard yn 1924 oprjochte. Yn de begjinjierren hie Snits noch gjin oerdekt swimbad, en waard der swommen yn it Spoardok. It thúsbad fan de feriening is it nije swimbad It Rak. Yn 2011 hie de feriening 400 leden. Yn It Rak hat de feriening in clubhûs: De Brug.

De feriening is opboud út fiif ôfdielings:

Ofdieling Ledenoantal
RES rekreatyf- en elemintêr swimmen (oanpast swimmen)
Senioareswimmen
Trimswimmen
Wetterpolo 150
Wedstriidswimmen 45

It earste team fan de waterpoloôfdieling komt yn 2010/2011 út yn de tredde klasse.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: