Snitser Aldfeart

(Trochferwiisd fan De Snitser Aldfeart)

De Snitser Aldfeart is in wetter dat fan Snits nei it noardeasten rint, nei Poppenwier. It hjit in feart, mar it hat sa folle rjochtingsferoarings, dat wol oannaam wurdt dat it fan âlds in rivierke is.

Rin fan de Snitser Aldfeart

By Snits is in slús yn de feart, slús De Domp, dêr't dy troch Griene Dyk giet. Earder wie op dat plak in syl, de Griendykster Syl. Sûnt 2005 is ek de slús net mear yn gebrûk. De funksje is nei in noard-easten opskood om it begjin fan de feart beskiber te meitsjen foar de Middelseerûte. Krekt bûten de rûte is dat jier it Nije Griendykster Syl yn gebrûk naam.

Oan De Aldfeart lizze de jachthavens De Domp en de Sneeker Jachthaven.

De Loaiïngeaster Feart is om 2008 hinne trochlutsen rjochting de Swette, wêrtroch't dit stik befarber wurden is.