De Griene Dyk is de eastlike part fan de Himdyk, fan Snits oant it Slachtegat, dêr't er oanslút oan de Hearrenbuorch. De Griene Dyk is oanlein yn 12e iuw as de súdeastlike en súdlike dyk om de Raerderhim. Benoarden Snits sleat de Griene Dyk oan op de dyk om de Skerhim.

De Griene Dyk wurdt ûnderbrutsen troch de silen foar de doarpen yn de Raerderhim: De Offenwierster Syl, de Loaiïngeaster Syl, de Goaiïngeaster Syl, de Gauster Syl, de Sybrandabuorster Syl , de Tersoalster Syl en de Abbenwierster Syl. By Snits krúst ek de Snitser Aldfeart de dyk. Hjir lei oarspronklik de Griendykster Syl, dy't letter ferfongen is troch de slûs De Domp.

De oarspronklike funksje fan de dyk wie dy fan slieperdyk. Letter is it mear in polderdyk wurden, dy't beskermje moat tsjin opstood wetter út de Súdwesthoeke. Mar der hawwe ek wolris trochbraken wêst. Yn 1464 is bygelyks de Offenwierster Syl in kear trochbrutsen, en ek yn 1825 moat de dyk trochbrutsen wêze, wêrtroch in grut part fan de Raerderhim ûnder wetter stie.

Sjoch ek bewurkje seksje