Iisfûgel
Iisfûgel | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||
taksonomy | ||||||
| ||||||
soarte | ||||||
Alcedo atthis |
De iisfûgel (Alcedo atthis) is in fûgel út de famylje fan de iisfûgels, en út it skift fan de rôldereftigen.
FoarkommenBewurkje
De iisfûgel is in foar it meastepart opfallend blau fûgeltsje mei oranje-brune en wite ûnderdielen, en yn flinke swarte snaffel. Hy is likernôch 18 cm grut, en weacht sa'n 30-40 g, it wyfke wat mear as it mantsje.
FerspriedingBewurkje
Midden- en Súd-Jeropa, Midden-, Súd en Súdeast-Aazje en Afrika. Fryslân hat alle jieren tsientallen briedpearen. De iisfûgel hat gewoanlik hiel wat te lijen fan strange winters; in protte oerlibje dan net. De iisfûgel wurdt in Nederlând net mear als bedrige besjoun en stiet dêrom net mear op de Nederlânse Reade list fan fûgels.
ItenBewurkje
De iisfûgels frette benammen fisk yn heldere, leafst rinnende wetters.
TaksonomyBewurkje
De iisfûgel hat sân ûndersoarten:
- Alcedo atthis ispida - West- en Midden-Jeropa (ek Nederlân), Midden-Easten, Afrika
- Alcedo atthis atthis - Súd-Jeropa, Midden-Easten, Súdwest-Aazje
- Alcedo atthis bengalensis - Súd- en East-Aazje
- Alcedo atthis taprobana - Súd-Yndia, Sri Lanka
- Alcedo atthis floresiana - Lytse Sûnda-eilannen
- Alcedo atthis hispidoides - East-Yndonesië
- Alcedo atthis salomonensis - Solomoneilannen