Beskerme stedsgesicht
In Beskerme Stedsgesicht is in groep fan objekten en gebouwen dy't troch it ryk beskerme wurde. Dit betsjut dat de oerheid jild oan de gemeente oermakket om it histoaryske karakter fan de âlde binnenstêd yn stân te hâlden. Dit is in regeling foar it beskermjen en it behâld fan it oarspronklike oansjen fan in stedsdiel. De oerheid docht dit om de gemeentes te stimulearjen âldere hûzen stean te litten en te renovearjen of op te knappen.
Yn hiel Nederlân binne der likernôch 350 beskerme steds- en doarpsgesichten. In beskerme stedsgesicht wurdt ynskreaun yn it Monuminteregister en in ryksmonumint.
Alle âlve stêden fan Fryslân binne in beskerme stedsgesicht.